Neuwied
Neuwied is in Große kreisangehörige Stadt yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Dêrnjonkenis it ek de Kreisstadt fan de lânkring Neuwied. De stêd leit op it plak dêr't it rivierke de Wied yn de Ryn mûnet en hat likernôch 65.000 ynwenners.
Neuwied | ||
Slot fan Neuwied | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Neuwied | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 65.137 (gemeente) (2021) | |
Oerflak | 86,5 km² | |
Befolkingsticht. | 753 ynw./km² | |
Hichte | 60 m. | |
Oar | ||
Postkoade | 56564, 56566, 56567 | |
Koördinaten | 50° 25' N 7° 27' E | |
Offisjele webside | ||
Side Neuwied | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeBy Neuwied groeven argeologen ien fan de grutste Romeinske castra oan de Ryn op. Der wurdt oannommen dat fanwege Caesar brêgen oer de Ryn tichteby boud binne.
Neuwied waard yn 1653 troch greve Freark III fan Wied stifte. Earder lei op de lokaasje it doarp Langendorf, dat yn de Tritichjierrige Kriich (1618–1648) ferneatige waard. Neuwied wie de nije residinsje fan it troch de kriich ferearme greefskip en moast de iennige tagong ta de Ryn fan it lytse greefskip feilich stelle. It ferfong it 4 kilometer noardliker lizzende Altwied. Fanwegen de driging fan regelmjittige oerstreamings hiene de minsken lykwols gjin nocht om harren dêr nei wenjen te setten en om dat dochs oan te trunen waard der, oars as yn de rest fan it kalvinistyske greefskip, in foarm fan selsbestjoer en in hege mjitte fan religieuze tolerânsje ynfierd. Dy frijheden late ta de migraasje fan in soad religieuze minderheden út oare Dútske gebieten, mar ek út Frankryk en Switserlân. Healwei de 18e iuw wenne der al sân ferskillende religieuze mienskippen yn Neuwied: kalvinisten, lutheranen, katoliken, mennisten, joaden, hernhutters en garismatyske kristenen.
Hja droegen allegear by oan de foarse ekonomyske groei fan de stêd yn de 18e en 19e iuw. It meubilêr fan de hernhutters Abraham en David Roentgen of de klokken fan de mennist Peter Kinzing waarden oan alle Europeeske hôven tusken Versailles en Sint-Petersburch oantroffen. Under it lange bestjoer fan greve Jehan Freark Aleksander (1737-1791) waard de grûnslach lein foar ien fan de earste yndustriële sintra fan Dútslân.
On 18 April 1797 fersloech it Frânske leger ûnder oanfiering fan generaal Louis Lazare Hoche de Eastenrikers ûnder generaal Franz von Werneck by de Slach om Neuwied.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard Neuwied op 8 septimber 1944 bombardearre, wêrby't in soad hûzen ferlern gyngen. Tusken 26 desimber 1944 oant 2 jannewaris 1945 waard de stêd alle dagen troffen troch bommen.
Neuwied is it stamplak fan de foarfaars fan de oaljemagnaat John D. Rockefeller. De foarâlders fan syn heite kant emigrearren yn 1710 mei in soad oaren nei New York. Neuwied wie ek it berteplak fan Willem fan Wied, dy't foar in skoftsje yn 1914 foarst fan Albaanje wie.
Heechwetter
bewurkje seksjeIt gebiet fan de binnenstêd foarmet it diel fan in âlde sydtak fan de Ryn, dat by heech wetter yn de Ryn tige ûngaadlik leit. Yn 1784 stie it wetter yn 'e strjitten fan de stêd wol fjouwer meter heech. Nei noch trije slimme oerstreamings yn 1920, 1924 en 1925/1926 sette de oanlis fan in dyk útein, dy't de âlde Rynearm ôfslette. Al yn 1931 waard de dyk foltôge.
Op it plak dêr't de Ryn it gebiet fan de stêd Neuwied ferlit rint er ôfhinklik fan de wetterstân op in hichte fan likernôch 53 meter boppe seenivo en dêrmei is it it leechste plak fan it gebiet. It ferfal tusken it plak dêr't de Ryn oankomt by Neuwied en it plak dêr't de rivier Neuwied ferlit bedraacht 4 meter.
Stedsdielen
bewurkje seksjeNeuwied bestiet út de folgjende dielen (meastentiids oarspronkelik doarpen):
It besjen wurdich (kar-út)
bewurkje seksje- It slot fan Neuwied waard tusken 1706 en 1756 boud nei't de Frânsen it earste slot ferneatigen. It is noch jimmeroan yn partikulier besit.
- De Mennistetsjerke (1768) wie oant de 20e iuw yn gebrûk, mar tsjinnet tsjintwurdich as keunstgallery.
- De Hernhutterstsjerke yn it hernhutterskertier datearret út 1785.
- De Raiffeisenbrücke oer de Ryn ferbynt sûnt 1978 Neuwied mei Weißenthurm.
- De 7,5 kilometer lange dyk om de stêd te beskermjen tsjin heechwetter nimt by de binnenstêd de foarm fan in 500 meter lange muorre oan. Oan it noardlike ein stiet ien fan de trije pompstasjons om it grûnwetterpeil leech te hâlden. Dêr is ek in lyts museum oer de dyk.
Omkriten: In pear kilometer noardlik fan Neuwied leit Altwied mei in skildereftige ruïne fan it kastiel. De kastielruïne Braunsberg út 1200 is te finen yn it doarpke Anhausen. Yn Heimbach, in pear kilometer noardeastlik, leit it premonstrinzerske abdij Rommersdorf (12e iuw). Súdeastlike leit oan de Ryn it slot fan Engers (1768-1762). De protestantske Feldkirche stiet yn it stedsdiel Feldkirchen en datearret út de 12e iuw.
Musea
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Neuwied
|