Niamey is de haadstêd fan it Afrikaanske lân Niger. It is in havenstêd oan de rivier de Niger. Niamey is de grutste stêd fan it lân en it regearngs- en ekonomysk sintrum. De stêd heart net ta in departemint, mar foarmet in apart haadsteedlik distrikt.

Niamey
Niamey by nacht
Niamey by nacht
Bestjoer
Lân Niger
Stedsdistrikt Niamey
Sifers
Ynwennertal ± 1.243,500 (2018)[1]
Oerflak 239,30 km²
Befolkingsticht. ± 5200/ km²
Hichte 207 m
Oar
Tiidsône West-Afrikaanske Tiid (UTC+1)
Koördinaten
klik op pylkje foar kaart
Niamey sjoen troch de Spot-satellyt

De stêd leit yn in gebiet dêr't in soad gierst ferboud wurdt. De wichtichste yndustrieën binne bakstien, keramyk, semint en weverijen.

De nasjonale administrative skoalle, it Hege Ynstitút foar Mynbou, Yndustry en Geology, de Abdou Moumouni Universiteit en it nasjonale museum (mei in bistetún) binne yn de stêd festige.

Niamey hat in (semi- drûch) tropysk klimaat. De reintiid is fan juny oant septimber (500-750 mm delslach), fan mids oktober oant april falt der suver neat. De hjitste moannen binne dy fan maart oant maaie fanwege in drûge harmattanwyn dy't fanút de Sahara waait en in protte sân en stof mei. De trochsneed deitemperatuer sakket dan nea ûnder de 32 °C.

Ut de skiednis

bewurkje seksje
 
Niamey yn 1930 (loftfoto fan Walter Mittelholzer)

De oarspronklike bewenners fan de regio wienen de Songhai, dy't har yn de 18e iuw fermingden mei de Kallé, in ûndergroep fan de Zarma.[2] Europeeske ûntdekkers en feroverers kamen relatyf let yn dy kontreien omdat it net oan wichtige hannelsrûtes lei.

Niamey waard faaks stifte yn de 18e iuw (op de eastigge fan de rivier, tichtby fiif besteande doarpen.[3]), mar wie doe noch net fan in protte belang foar it lân. Dat feroare doe't de Frânsen dêr in koloniale post opsetten yn de 90er jierren fan de 19e iuw. Dêrnei groeide it plak hurd en waard in wichtich sintrum. Yn 1926 waard Niamey de haadstêd fan Niger en naam it ynwennertal stadichoan ta fan sa'n 3.000 yn 1930, 30.000 yn 1960, 250.000 yn 1980 en - neffens guon rûzingen - 800.000 yn 2000. De foarnaamste oarsaak foar de befolkingsgroei yn de jierren 70 en 80 hat migraasje út reden fan drûchte west.

Befolkingsgroei

bewurkje seksje
Jier Befolking
(rûsd)
1901 600
1930 3,000
1960 30,000
1980 250,000
2005 750,000

Goed 90% fan de befolking fan Niger is Moslim. Niamey hat de grutste moskee fan it lân, De Grutte Moskee. De stêd is ek it haadhertier fan it Roomsk-Katolike aartsbisdom Niamey. Fierders sitte der noch religieuze minderheden sa as Bahaï, baptisten en nijapostolyske leauwigen.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1]
  2. Thomas Krings: Sahelländer. WBG, Darmstadt 2006, ISBN 3-534-11860-X, S. 101.
  3. Jolijn Geels: Niger. Bradt, Chalfont St Peter 2006, ISBN 1-84162-152-8, S. 93.
  4. Niger 2009. Nouvelle édition de l'Université, Paris 2009, ISBN 2-7469-1640-1, S. 52.