Nico Onkenhout
Nicolaas Hendrik (Nico) Onkenhout (Amsterdam, 29 maaie 1918 - Amsterdam, 5 febrewaris 1989) wie in Nederlânske byldhouwer en medaljeur.[1]
Nico Onkenhout | ||
keunstner | ||
Onkenhout oan 't wurk mei it oarlochsmonumint by Dokkumer Nije Silen (ûnder Kollumerpomp) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Nicolaas Hendrik Onkenhout | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 29 maaie 1918 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 5 febrewaris 1989 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
wurksum as | byldhouwer, medaljeur | |
jierren aktyf | 1945-1989 |
Libben en wurk
bewurkje seksjeOnkenhout studearre byldhoukeunst by Jan Bronner oan de Ryksakademy fan byldzjende keunsten (1937-1944) yn Amsterdam. Yn de Twadde Wrâldkriich dûkte er ûnder; yn 1944 siet er yn de gemeente Kollumerland c.a.. Nei de oarloch makke er seis monuminten, ien dêrfan foar de gemeente Kollumerlân. Syn meast ferneamde wurk is in brûnzen byld fan Dik Trom út 1973, mei Trom omkeard op in dôfhûdige ezel.
Naast byldhouwer wie Onkenhout ek warber as medaljeur. Hy makke ûnder mear in peinje by gelegenheid fan de iepening fan it haadkantoar fan Assurânsjemaatskippij 'De Zeven Provinciën' yn De Haach (1960). Hy wie lid fan Arti et Amicitiae en de Beropsferiening fan Byldzjende Keunstners.
Wurk yn de iepenbiere romte (kar út)
bewurkje seksje- ? Heilige vlam, monumint oan de Ringdyk foar seis yn de maaiedagen 1940
dearekke brânspuiters
- 1955 gevelreliëf Het gezin
- 1957 Seelânbank
- 1984 Jan de Stoter
- 1974 Ariadne, Westbroekpark
- 1963 Moeder Aarde
- 1973 Dik Trom
- ± 1950 oarlogsmonumint by de NH-tsjerke
- 1950 Ald Fears Erf, Wy Weitsje Oer Dij (fersetsmonumint)
- 1955 gevelreliëf Har dea us frijdom 1940-1945 (oarlochsmonumint)
- Jakob en de ingel
- 1950 Oarlochsmonumint
Fotogalerij
bewurkje seksje-
Moeder Aarde
-
Ariadne
-
Dik Trom, Marktplein, Hoofddorp
-
Har dea us frijdom 1940-1945
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nico Onkenhout fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |