Nicolaas Baur
Nicolaas Baur, ek Nicolaus Bauer, Nicolaus Baur (Harns, 12 septimber 1767 - dêre, 28 maart 1820), wie in keunstskilder.
Hy wie de soan fan portretskilder Henricus Antonius Baur (1736 - 1817). Hy skildere lânskippen en stedsgesichten. Hy makke ek moanneljocht- en wintertafrelen, mar wie it meast súksesfol mei syn seeskilderijen. Hy wurdt beskôge as ien fan de bêste lettere Nederlânske skilders fan seegesichten. Hy makke oaljeferven en wie behangskilder. Hy stoar yn Harns yn 1820.
Wurk fan him is te finen yn it Ryksmuseum Amsterdam, it Frysk Museum en it Hannemahûs yn Harns, mar ek noch yn âlde wenhuzen.
Wurk
bewurkje seksje-
Hurdrydwedstriid foar froulju op de Stedsgrêft yn Ljouwert - 21 jannewaris 1809, 1810, Ryksmuseum
-
Hurdrydwedstriid foar froulju op de Westersingel yn Ljouwert, 21 jannewaris 1809, 1809, Frysk Museum Ljouwert (eardere ferzje)
-
Skippen by stoarmwaar yn 'e bûtenhaven fan Harns, om 1811 hinne, Hannemahûs
-
De Frjentsjer poarte te Harns, 1813, Hannemahûs
-
VOC-skip 'Amsterdam' op it IJ foar Amsterdam, 1807, 1807, Ryksmuseum
-
De Ingelsk-Nederlânske float ûnder Lord Exmouth en fice-admiraal Jonkhear Theodorus Frederik van Capellen skeakelet de Algerynske fortifikaasjes út, 27 augustus 1816, 1818, Ryksmuseum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Baur, Nicolaas. |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nicolaas Baur fan Wikimedia Commons. |