Nikolaas II fan Ruslân

(Trochferwiisd fan Nicolaas II fan Ruslân)

Nikolaas II Aleksandrovitsj (Russysk: Николай II Александрович, Nikolaj II Aleksandrovitsj) (Tsarskoje Selo, 18 maaie 1868Jekaterineburch, 17 july 1918) wie de lêste tsaar fan Keizerryk Ruslân, grutfoarst fan Finlân en titulêr kening fan Poalen.

Nikolaas II (fotograaf: A. A. Pasetti), 1898

Nicholas II syn regear duorre fan 1894 oant syn abdikaasje op 2 maart 1917.[1] Under syn bewâld belibbe de grutmacht Tsaristysk-Ruslân in ekonomyske en militêre delfal. Hy krige de bynamme Bluodderige Nikolaas fanwege de Kodynka trageedzje, Bluodderige snein, de antysemityske pogroms, de eksekúsje fan politike tsjinstanners en syn grutskalige militêre kampanjes.

Under syn regear waard Ruslân ferslein yn de Russysk-Japanske Kriich, mei in benei folsleine ferneatiging fan de Russyske float yn de Slach fan Tsusjima. Nikolaas stimde yn mei de mobilisaasje fan augustus 1914, wat it begjin fan de belutsenens fan Ruslân yn de Earste Wrâldkriich betsjutte, in oarloch dêr't 3.3 miljoen Russen it libben by ferlieze soene.[2] De earnstige ferliezen fan it Russysk tsaristyke leger, Nikolaas syn inkompetinte hanneljen yn de kriich en yn oare politike saken ûnder syn bewâld, wurde faak neamd as de haadoarsaken fan de fal fan de Romanovdynasty.

Nikolaas II syn abdikaasje folge nei de Febrewarisrevolúsje fan 1917. Hy waard mei syn famylje yn it earstoan fêstset yn it Aleksanderpaleis yn Tsarskoje Selo, letter yn it gûverneusrhûs yn Tobolsk it lêst yn it Ipatjevhûs yn Jekaterinenboarch. Nikolaas II, syn wiif, soan, syn fjouwer dochters, de dokter fan de húshâlding, de tsjinstfeint fan de tsaar, de tsjinstfaam fan de tsarina en de kok waarden yn ien en deselde keamer fermoarde troch de Bolsjewiken yn de nacht fan 16 op 17 july 1918. Dat barren hat laat ta de kanonisaasje fan Nikolaas II, syn frou Aleksandra en harren bern as martelders by ferskate groepen dy't oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke ferbûn wienen, yn Ruslân en dêr bûten.

Húshâlding

bewurkje seksje

Nikolaas troude 1894 mei de Dútske prinsesse Alix fan Hessen-Darmstadt, dy't nei har houlik de namme Alexandra Fjodorovna oannaam. Ut it houlik kamen fiif bern fuort:


Ofbyld Namme Berne Stoarn Bysûnderheden
  Grutfoarstinne Olga 15 novimber 1895 17 july 1918 Wie in skoft houliksgadingmakker foar Carol fan Roemenië.
  Grutfoarstinne Tatjana 29 maaie 1897 17 july 1918 De favoryt fan har âlden.
  Grutfoarstinne Maria 14 juny 1899 17 july 1918 Wie in skoft yn byld as houlikskandidaat foar prins Louis Mountbatten.
  Grutfoarstinne Anastasia 5 juny 1901 17 july 1918 Faaks it meast ferneamde bern fan Nikolaas en Aleksandra.
  Grutfoarst Aleksej 12 augustus 1904 17 july 1918 Troanopfolger.

De ienige soan fan Nikolaas en Aleksandra, troanopfolger Aleksej, hie lykas syn omke Frederik te lijen fan hemofily, in erflike bloedsykte dy't net better koe. Dêrom helle de famylje de muonts en sinistere Grigori Raspoetin, dy't wûnders dwaan kinne soe, yn 'e hûs. Hy soe rillegau in grutte ynfloed krije, fral op de tsarina. Dat joech in protte ferset by de ealju en Raspoetin waard sa yn desimber 1916 deadien troch in tal Russyske eallju.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 maart 1917 neffens de Juliaanske kalinder, dat is 15 maart 1917 neffens de Gregoriaanske kalinder.
  2. Urlanis, Boris (1971). Wars and Population. Moscow