Niels Klapwijk (Amersfoart, 19 septimber 1985) is in Nederlânsk follybalspiler.

Niels Klapwijk
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 19 septimber 1985
berteplak Amersfoart
lingte 2,00 m
sportive ynformaasje
sport Follybal

Hy begûn mei it follybaljen yn syn berteplak Amersfoart. Dêrnei spile er foar Hoogland, Renswoude, SSS Barneveld, Capelle ad IJsel, HvA Amsterdam. Nei Amsterdam hat er in skoftke foar Nesselande út Rotterdam spile, by dy klup wûn er yn 2007 de Nederlânske beker en yn 2009 waard er mei de ploech kampioen fan Nederlân. Dêrnei gie er oer de grins rjochting Belgje, hy soe dêr spilje foar Noliko Maaseik. Op it stuit spilet er dêr noch by. Hy makke syn debút foar de Nederlânske ploech yn 2006. Op 1 oktober 2010 hie Niels Klapwijk yn totaal 65 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.

Yn 2010 hat Klapwijk in skoft net yn aksje komme kinnen, omdat er in operaasje oan de skonk hie. Hy hie al in skoft lêst fan in saneamde stressfraktuer, dat rûn novimber 2009 begûn wie. Gelokkich waard it doe minder, mar yn it foarjier fan 2010 spile it wer op. Nei de World League krigen de spilers trije wiken rêst, mar krekt nei dy perioade spile it skonk wer op. Hy koe wer mei spylje mei de kwalifikaasje wedstriden foar it Europeesk kampioenskip fan 2011, mar spitich genôch slagge it de Nederlânske ploech net om him te pleatsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: