Nij-Apostoalyske Tsjerke (Middelseeleane, Snits)

De Nij-Apostoalyske tsjerke is in tsjerkegebou oan de Middelseeleane yn de wyk Stedsfinne fan Snits.

Nij-Apostoalyske tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adres Middelseeleane 8
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1974
arsjitekt W.C. van Asperen
offisjele webside
Side gemeente

De tsjerke is boud yn 1974 en yn 1996 útwreide. It gebou is in ûntwerp fan W.C. van Asperen en hat plak foar 250 tsjerkegongers. De tsjerke hat sûnt 2007 in elektrysk oargel fan it type Monarke Bach Sonate. De tsjerke oan de Johan Willem Frisostrjitte heart ta deselde tsjerkegemeente.