Nij Meckemastate of Het Olde Casteel stie yn Kollum, gemeente Kollumerlân. De stins stie wat benoarden Kollum oan de Sylster Ryd. Der is neat mear fan werom te finen.

De stins wurdt foar it earst om 1467 neamd. By its stribjen fan de stêd Grins om de macht te krijen yn Eastergoa slute se ferdraggen mei in soad doarpen en haadlingen. Dêrneist besocht de stêd har posysje ek militêr yn stân te hâlden en waarden militêre steunpunten makke. Yn 1467 waard mei Kollumerlân in ferdrach sluten foar in tiid fan 30 jier, wêrby't de stêd it rjocht krige in huus in te richten en daarop enen casteleyn te setten. De kosten moasten troch de pleatslike befolking opbrocht wurde middels in nije hûsbelesting. De befolking soe in bydrage leverje oan it graven, arbeidzjen en bolwurken om it hûs. It doel soe wêze rjocht en frede te befoarderjen. Bûten dit ferdrach bleaune inkele by namme neamde persoanen, grif haadlingen, dy't har tsjin de stêd kearden. Yn Kollum wienen dat Pybe Meckema (alias Eernsma) op Meckema yn Meckemabuorren en Pybe Bawama op Bama. It sterck huys met een wyde ende diepe graft lei strategysk ticht by it doarp oan de Riid. Rengers ten Post fertelde letter yn syn kronyk dat it casteleins huesz stond dar nu Sippe Meckama woent anno 1583 en dat de grietenijgalg van Kollumerland daar stond, dat noch de Galge venne heet.

Pybe Meckema syn skoansoan Feye Riemersma alias Meckema hat om 1500 it Grinzer casteelhuys of blokhûs yn besit witten te krijen. Iroanysk is dat Pybe Meckema him yn 1467 krekt tsjin de stichting derfan fersetten hie, alteast útsluten waard by it ferdrach oer de bou. De neifolgjende eigener wie Feye syn soan Pybe Meckema. Hy wie Boergondysk gesind, en die ek mei oan militêre aksjes. It strategyske plak oan de Ried sil grif meispile hawwe by Pybe syn kar foar it kastiel. It liket in werhelling fan de ferwerving troch de Meckema's earder yn de 15e iuw fan de oare twangboarch ûnder Kollum, efkes noardlijker oan de Ryd by Ter Lune. Pybe ferstoar yn 1549 te Brussel dêr't hy, krektas twa fan syn bruorren, yn de St. Gudulatsjerke begroeven waard. Hy hie twa soannen: Sippe en Feije. Feije wenne mei syn frou Ibel fan Unia op Eernsmastate te Jouswier.

Oan de ein fan de 17e iuw waad troch de eigeners fan Nij Meckema it saneamde Nije Gasthûs of De Sân Keamers stichte, dêr't it bestjoer oant 1883 bestjoerlik oan ferbûn wie.

Stellingwerf bylde yn 1722 in gearstald hûs ôf fan ien boulaach. In midsiuwske stins falt der net yn te ûntdekken. Herma van den Berg hâlde it foar mooglik dat de oanboude skuorre mei grutte ynrydpoarte faaks noch in diel fan it âlde kastiel befette. Nei de dea fan Duco Martena fan Burmania yn 1775 foel it doek foar it grutte hearehûs en waard Nij Meckema ôfbrutsen. Op de kadasterkaart fan 1832 falt allinnich in wetterpoel noch op. Andreae sprekt yn 1883 noch fan in heech stik lân en twa hast tichtgroeide fivers.

Bewenners
  • ± 1500 Feye Riemersma alias Meckema
  • oant 1549 Pybe fan Meckema
  • 1549 - 1599 Sippe fan Meckema
  • 1599 – 1612 Hessel Hessels fan Meckema
  • 1612 – 1624 Lisck fan Eysinga, widdo Hessel fan Meckema
  • 1624 – 1652 Ritscke fan Eysinga
  • 1652 – 1718 eigenaresse Lucia fan Eysinga, bewenners Foeck fan Eysinga en Douwe fan Sytzama
  • 1718 Beatrix fan Voss thoe Beesten
  • 1749 – 1758 George Frederik fan Voss thoe Beesten en Anna Elizabeth fan Burmania
  • 1758 Anna Elizabeth fan Burmania
  • 1768 Duco Martena fan Burmania

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • Herma M. van den Berg De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Kollumerland
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp dl. III, ± 1960