Nije Feart (Makkum)
De Nije Feart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart ferbynt de Grutte Sylroede oan de eastkant fan Makkum mei noardliker rinnende Molkfeart.
De namme Nije Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Vaart.