Grutte Sylroede
De Grutte Sylroede is in kanaal yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De sylroede rint tusekn Makkum en de eastlike brêge by de Carl Fellingerwei. Dêr spjalt it wetter him yn de Lytse Sylroede nei it suden, de Grutte Sylroede hjit dan Van Panhuyskanaal en rint troch oant de Warkumer Trekfeart by Tsjerkwert.
De namme Grutte Sylroede jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Groote Zijlroede.