Nije Sudertsjerke (Rotterdam)

De Nije Sudertsjerke (Nieuwe Zuiderkerk) wie in grifformeard tsjerkegebou oan de Westzeedijk yn Rotterdam.

Nije Sudertsjerke

Nieuwe Zuiderkerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
gemeente Rotterdam
adres Westzeedijk 7
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1916
sloopjier 1969
arsjitekt Tjeerd Kuipers

Op 2 oktober 1914 waard de earste stien foar de nije grifformearde tsjerke lein en op woansdei 29 maart 2016 waard de tsjerke mei in preek fan Abraham Kuyper iepene. De tsjerke yn de foarm fan in latynsk krús en in fyftich meter hege toer hie plak foar 900 minsken. Oan de bou leveren de bruorren Hendrik en Hendericus Bos in grutte finansjele bydrage.

De grifformearde tsjerke hie in tige rike ynrjochting. De finsters fan de tsjerke hiene glês-yn-leadramen fan de firma Löhrer út Utert. De preekstoel mei brûnzen leunings mei ramskoppen wie fan moarmer en teakhout. It houten ribferwulft wie fersierd mei gouden en blauwe roazetten. Fierder hie de tsjerke in moarmeren doopfont mei in sulveren bekken en deksel. De kroanluchters wiene fan massyf koper en makke yn it atelier fan de firma Duchateau út Rotterdam.

Boppe de preekstoel stie it grutte oargel fan de firma E.F. Walcker & Co. út Ludwigsburg. It elektro-pneumatyske ynstrumint hie 75 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal en bysûnder wie it echowurk, wêrfan't it manuaal boppe it oargel wie oanbrocht. It oargel is foar Nederlân bewarre bleaun en stiet tsjintwurdich yn de Martinytsjerke fan Doesburg, dêr't it yn 1970 opboud is.

De tsjerke stie yn 'e wei foar it ferheegjen en ferbreedzjen fan de Westzeedijk. Yn 1967 waard de foar de Nije Sudertsjerke oer steande monumintale katolike Laurentius en Ignatiuskathedraal sloopt. Mei it opblazen fan de toer kaam twa jier letter op 21 augustus 1969 ek in ein oan de Rotterdamske katedraal fan de kleine luyden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: