Nije Tsjerke (Emden)

De Nije Tsjerke (Dútsk: Neue Kirche) is in protestantsk-grifformeard tsjerkegebou yn Emden yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. De yn in ynholden barokke styl ûntwurpen tsjerke waard yn 'e jierren 1643-1648 boud. By in swier bombardemint waard de tsjerke yn 'e Twadde Wrâldkriich oant op 'e fûnemintsmuorren ferneatige. De weropbou folge yn 'e jierren 1950.

Nije Tsjerke
Neue Kirche
Lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
plak Emden
adres Brückstraße
koördinaten 53°22' N 7°12' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Ev.-Griff. Tsjerke yn Dútslân
Arsjitektuer
arsjitekt Martin Faber
boujier 1643-1648
boustyl barok
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
Side tsjerklike gemeente
Side Nije Tsjerke
Kaart
Nije Tsjerke (East-Fryslân)
Nije Tsjerke
 
Grêfsark fan 'e boumaster.

Yn 'e midden fan 'e 17e iuw hie Emden likernôch 20.000 ynwenners. Dêr wie in mienskip ûnder fan sa'n 5.000 oant 6.000 Nederlânske flechtlings. De stêd hie mar twa tsjerken en dat wie te min neffens it ynwennertal. Dêrom waard yn 1642 besletten ta de bou fan in tredde tsjerke yn Faldern, dat sûnt 1570 in stedsdiel fan Emden wie en dêr't gjin tsjerke stie.

De boulieding waard mei it ûntwerp oan boumaster Martin Faber tabetroud. Dy hie him it fak eigen makke troch foar in skoft yn Itaalje, Frankryk en Nederlân te reizgjen. Wylst East-Fryslân slim te lijen hie fan 'e Tritichjierrige Kriich waard de tsjerke boud. It jild wie ôfkomstich fan 'e gemeenteleden. Ynearsten krige de tsjerke gjin banken of stuollen en it tsjerkefolk stie te harkjen nei de preek. It duorre noch oant 1818 dat de tsjerke in oargel en banken krige.

Op 6 septimber 1944 waard by it swierste bombardemint op Emden mear as 80% fan de stêd ferneatige. De Nije Tsjerke baarnde oant de fûneminten ôf, mar waard yn 'e jierren 1949-1950 wer opboud. It ynterieur waard net rekonstruearre en krige in modern oansjen.

Yn 1998 bestie de tsjerke 350 jier en waard de "Bauverein Neue Kirche Emden" stifte. Dy feriening stribbe nei it behâld fan 'e tsjerke yn 'e oarspronklike foarm. Yn de jierren 2011-2012 waard in grutte renovaasje útfierd. De kosten om de tsjerke werom te bringen yn 'e oarspronklike steat waarden op 3,2 miljoen rûsd. Om't dat bedrach te heech waard is der keazen foar in mear realistysk plan. De tsjerke bliuwt foar de earetsjinst iepen, mar wurdt ek foar kulturele eveneminten brûkt. De kosten fan de restauraasje bedroegen 1,3 miljoen euro en nei 15 moannen wurk waard de Nije Tsjerke op 6 septimber 2013 de op 'e nij iepene.

Beskriuiwing

bewurkje seksje
 
Plattegrûn.

De fan reade bakstien, mei natoerstiennen dekoraasjes, oplutsen tsjerke waard yn 'e Nederlânske barokstyl boud. Foarbyld wie de Amsterdamske Noardertsjerke út 1621-1623. In ferskil is dat de Noardertsjerke de foarm hat fan in gryksk krús, wylst de Nije Tsjerke mar trije earms hat. De fjirde earm oan 'e kant fan 'e Brückstraße is as risalyt úfierd. De trije earms binne lyk oan inoar en hawwe allegear twa grutte rûnbôgefinstsers, ek hat eltse earm in rêdfinster. It ynterieur foldocht oan 'e easken fan in ier-protestantske, kalvinistyske preektsjerke.

De hoeken fan it T-foarmige gebou binne mei legere oanbouwings opfolle. Dêr binne de tagongsportalen en de treppen nei de kreake. In seishoekige dakruter mei lantearne bekroand de krusing fan it gebou. De lantearne wurdt ôfsletten mei in keizerskroan fan Rudolf II, in ferwizing nei de selsstannigens fan 'e stêd en de nea krige ryksfrijheid. De hoanne op 'e kroan is in typysk kalvinistysk symboal.

De grêfstiennen op it tsjerkhôf en de ferskillende teksten op it gebou ferwize nei de Nederlânske oanwêzigens. Boppe it noardeastlike portaal waard om it segel fan 'e gemeente de tekst "Christus is de enige sthen darup syne gemente rust" oanbrocht. Te lêzen njonken it portaal oan 'e Brückstraße is de tekst "Godt Allene tho Ehren doer liberale contributie deser Stadt Borgeren, is dese Kercke in kummerlyke tyd des Vaderlands Gestichtet. de fundamenten daer van gelecht synde int jaar Christi unses salichmackers MDCLIII de V. Julii is werck voltrocken" en boppe de doar fan 'e konsistoarje stiet "Hij is onze vrede".

 
Ynrjochting.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich gyng in grut part fan 'e ynrjochting fan 'e Nije Tsjerke ferlern. De tsjintwurdige ynrjochting is modern, útsein it doopfont, de kroanluchter en twa grêfplaten.

 
Sânstiennen doopfont.

It doopfont is fan Bentheimer sânstien en stie oarspronklik yn 'e tsjerke fan Jennelt. Nei alle gedachten datearret it doopfont út de twadde helte fan 'e 13e iuw. It is dekorearre mei ienfâldige blêdranken. Liuwen drage it doopfont, werfan't de koppen ûntbrekke.

Kroanluchter

bewurkje seksje

De middelste kroanluchter waard by it foltôgjen fan 'e tsjerke yn 1648 troch it kûpersgild skonken.

Oan 'e noardlike kant fan 'e tsjerke binne twa grêfplaten bewarre bleaun. Ien is fan Martin Faber en de oare fan 'e riedsman-keapman Cornelius Budde.

It earste oargel waard yn 1818 troch Johannes Wilhelmus Timpe út Grins op 'e noardlike kreake boud. It besiet 30 registers ferdield oer twa manualen en pedaal. Troch in bombardemint op Emden yn 1942 rekke it oargel slim skeind en de stikken ruten soargen dat ek dat it waar ynfloed krige op 'e steat fan it ynstrumint. It bombardemint fan 1944 ferneatige mei de tsjerke ek de rest fan it oargel. Karl Schuke út Berlyn boude op 24 augustus 1958 it hjoeddeiske oargel.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.