Nijmoanne

(Trochferwiisd fan Nije moanne)

Nijmoanne of tsjustermoanne is it begjin fan de nije moannesyklus. Hjoeddeisk kin eksakt útrekkene wurde op hokfoar stuit de moanne krekt yn deselde rjochting stiet as de sinne, sadat de moanne safier as wy dy sjen kinne, hielendal tsjuster is. Sadwaande is nijmoanne it stuit as de moanne tsjuster is.

De yn de astronomy wênstige folchoarder begjint by nijmoanne.

Eartiids wie it net mooglik en rekken dit presiis út, dat doe wie it pas wis dat in nije moannesyklus begûn wie, as it earste skyltsje moanne sichtber wie. It sjen fan de nije moanne wie dan ek foar moannekalinders en sinnemoannekalinders it begjin fan de nije kalindermoanne, en dêrmei gou dat ek foar it nije jier. Hjoeddedei wurdt foar de measte sinnemoannekalinders in moanne-begjin útrekkenne, mar foar de islamityske kalinder wurdt hieltiid noch moannewacht hâlden, om te sjen oft de moanne sichtber wurdt, sadat it nije jier begjint.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.