Nijhuzumer tsjerke

De Nijhuzumer tsjerke is de tsjerke fan Nijhuzum yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Nijhuzumer tsjerke
bouwurk
Nijhuzumer tsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân vlag.svg Súdwest-Fryslân
plak Nijhuzum
adres Nijhuzum 7
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1721

SkiednisBewurkje

De tsjerke fan Nijhuzum waard yn 1721 boud mei gebrûk fan it boumaterjaal fan in âlder gebou op itselde plak. Mooglik wie dy foargonger in romaanske tsjerke, dy't foar de reformaasje oan de hillige Nikolaas wijd wie. Nei't de oanhingers fan de grifformearde lear it gebou oernamen, foel de tsjerke ûnder de tsjerklike gemeente fan De Gaastmar-Nijhuzum, dêr't pas yn de jierren 1970 in ein oan kaam.

De klok yn it houten geveltuorke waard yn 1729 troch Cyprianus Crans fan Inkhuzen getten en hat in dimater fan 60 sintimeter.

It ynterieur bestiet út in preekstoel, in doophek en de tsjerkebanken. Oer de flier lizze twa sarken út 1779 en 1798.

Om't der gjin ferwaarming en ferljochting yn de tsjerke wie, gyngen de Nijhuzumers winterdeis foar de tsjinst nei De Gaastmar. En simmerdeis kaam it tsjerkefolk fan de De Gaastmar mei de dûmny dan oer it wetter nei Nijhuzum foar de tsjinst. Ek hat de tsjerke nea in echt piipoargel hân. Yn de tsjerke stiet in harmoanium.

GebrûkBewurkje

De Stifting De Nijhúzumer Tsjerke is as eigner fan de tsjerke ferantwurdlik foar it behear. Yn gearwurking mei tsjerken út de omkriten wurde der simmerdeis troch de Nijhuzumers oekumenyske tsjinsten organisearre. Muzykferienings fersoargje dan foar de begelieding fan de sang. Foar in ridlike fergoeding wurdt de tsjerke ek ferhierd foar konserten en troutsjinsten.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: