Niki Belucci, wiere namme Nikolett Pósán (Boedapest, 10 maart 1983), is in Hongaarsk eroatysk house-DJ, dy't foarhinne wurksum wie as pornografysk aktrise. Har skûlnamme wurd ek wol misstavere as Niki Belluci.

Niki Belucci
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Niki Belluci
echte namme Nikolett Pósán
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 10 maart 1983
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise,
eroatysk live-DJ
jierren aktyf 20022005
offisjele webside
www.belucci.hu

Libben en karriêre bewurkje seksje

Niki Belucci waard yn 1983 yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest berne as Nikolett Pósán. Dat har wiere namme gauris werjûn wurdt as Pósán Nikolett, komt om't it yn it Hongaarsk wenst is de efternamme foar de foarnamme te setten. Yn har bernetiid wûn se in beskate ferneamdens as turnster.

Yn 2002, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film, en yn 'e folgjende fjouwer jier spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn totaal yn 39 pornofilms. Dêrby wurke se foar it Sweedske Private-label, mar ek foar sokke foaroansteande Amerikaanske studio's as Evil Angel, Hustler Video, Wicked Pictures, Jill Kelly Productions, New Sensations, Elegant Angel en Red Light District.

Yn 2005 kearde Belucci de pornoyndustry de rêch ta; alles wat dêrnei noch fan har ferskynde, bestie út kompilaasjes fan earder materiaal. Ynstee lei se har fan dy tiid ta op in nije karriêre as house-DJ, wêrby't se faak mei (benei) bleate boarsten (topless) optreedt.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2005 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Tiffany Diamond en Nick Lang) The Voyeur 26
nominearre bûtenlânsk artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.