Nicolaus Mulerius
Nicolaus Mulerius (Brugge, 25 desimber 1564 - Grins 15 septimber 1630) wie in dokter, matematikus en astronoom en ien fan de earste heechleararen oan de 1614 oprjochte Ryksuniversiteit Grins, dêr't er de fjirde Rector Magnificus fan wie.
Jeugd en eftergrûn
bewurkje seksjeMulerius hearde ta de famylje Des Muliers dy't oarspronklin fan Risel kaam.[1] Pierre Des Muliers wie syn heit. Mem Claudine le Vettre, waard as doperske slachtoffer fan de ynkwisysje en stoar mei in tal fan har bern de marteldea.[2] Nicolaus flechte mei syn heit nei Leien, dêr't er him 1582 ynskreau oan de Leienske Akademy. Hy folge dêr kolleezjes by Lambertus Danaeus (teology), Justus Lipsius (skiednis en rjochten), Bonaventura Vulcanius (Gryksk), Franciscus Raphelengius (easterske talen), Rudolph Snellius (wiskunde) en Joannes Heurnius en Gerardus Bontius (medisinen). Hy promovearre yn 1589 yn de genêskunde op fyftjin stellingen dy't oer boarstfluesûntstekking gienen. Hy troude itselde jier mei Christina Maria Six, neisiet út de letter sa wichtige Amsterdamske famylje Six. It pear krige alve bern. Mulerius soe him oars, faaks fanwege syn houlik, ta it kalvinisme bekeare.
Stedsarts en heechste rektor
bewurkje seksjeYn 1590 ferhuze Nicolaus, dy't syn fan wilens ferlatysnske hie ta Mulerius, nei Harns dêr't er ta stedsdokter beneamd waard. Benei fuortendaliks besocht er - fergees - om beneamd te wurden ta heechlearaar yn Leien. Hy soe oant 1603 yn Harns bliuwe; dêrnei beneamde de Steaten fan Stêd en Lân him ta medicus provincialis, in wichtige funksje mei in goed fertsjinst anneks. Lang soe er dêr net bliuwe want yn 1608 waard er opperrector fan de Latynske skoalle yn Ljouwert. Dêr moast er fral tasjen op de nije rektor fan dy skoalle, de Dútser Edo Neuhusius, waans religieuze rjochtsinnichheid - hy wie Luteraan - oan twifele waard. Mulerius lei him dêr fral ta op it ûnderrjocht yn Gryksk en filosofy. Mei in wedde fan 950 gûne it jier, waard er noch better betelle as provinsjaal dokter.
Heechlearaar yn Grins
bewurkje seksjeMulerius waard 1614 troch syn freon Ubbo Emmius frege om heechlearaar genêskunde en Gryksk te wurden oan de doe krekt stifte Grinzer Akademy. Koart skoft letter soe Mulerius it Gryksk mei Ubbo Emmius ruilje foar de wiskunde. Under it lêste fak hearde ek de suvere wiskunde en de mathematica mixta, dêr't teffens de astronomy, de lânmjitkunde, seefeartkunde en de fortifikaasje rekkene waarden. Ta it mêd genêskunde hearde ek plantkunde en hoewol't Mulerius in lytse samling eksoatyske- en genêskrêftige krûden oanlei, kaam der yn Grins - oars as yn Leien - earst gjin botanyske tún. Wol waard it eardere broerekleaster, dat no tsjinne as festiging fan de Akademy, in anatomysk teater yn oanlein. Mulerius syn grutste leafde die bliken stjerrekunde te wêzen, wylst er neist syn heechlearaarskip ek wer oansteld wie as provinsjaal arts sadat er in protte tiid kwyt wie oan pasjintesoarch. Yn de sechtjin jier dat Mulerius oan de Akademy ferbûn wie, wienen der santjin studinten medisinen ynskreau by de Grinzer universiteit. Seis dêrfan promovearre, fermoedlik foar in part mei Mulerius as promotor. Mulerius waard yn 1617 de fjirde Rektor fan de Akademy. Hy wie de earste bibletekaris fan de Universiteitsbibleteek, in boekerij dy't mei goed 300 bannen likernôch de helte fan de priveebibleteek fan Mulerius wie. Fan 1622 ôf wie er ien fan de bewâldhawwers fan de Grinzer keamer fan de West-Yndyske Kompanjy.
Mulerius as astronoom
bewurkje seksjeMulerius hat syn ferneamdens benammen te tankjen oan syn bydragen oan de astronomy. As syn meast wichtige bydrage jildt in fan him redigearre werútjefte fan Kopernikus syn De revolutionibus orbium coelestium, wylst Mulerius sels net leauwe woe dat de ierde om de sinne draaide. Fierders wie Mulerius syn astronomyske belangstelling earder praktysk as teoretysk te neamen. Syn earste ferhanneling Cort onderwijs van het ghebruyck des astrolabiums tsjûget dêrfan. In astrolabium is in hoekemjitynstrumint wêrmei't de hichte fan himellichems metten wurde kinne as in funksje fan tiid. Fan syn praktyske ynstelling tsjûgje ek de almanakken dy't er alle jierren útjoech. Syn earste gelearde publikaasje yn it Latyn ferskynde 1611: de Tabulae Frisicae, dêr't - oan de hân fan de Juliaanske kalinder - tabellen yn opnaam binne oangeande de stân fan de moanne en sinne oer in langer skoft tiid. Oer de Juliaanske kalinder skreau er Calendarium Romanum en yn 1616 ferskynde in twadielich learboek oer de stjerrekunde. Lykwols waard er dochs it meast ferneamd fan de útjefte fan it standerwurk fan Kopernikus, dat er oanfolde mei nije, soms eigen ynsichten en in nije titel joech Astronomia instaurata ('Werstelde astronomy'). Mulerius wie in bern fan syn tiid. Hy wie in rjochtsinnich Kalvinist, foar wa't it wurd fan de Heare boppe alles gie; dat de ierde om de sinne draaide koe er net yn oerienstimmng bringe mei syn wrâldbyld. Syn wrâldbyld bleau geo-sintrysk, mar wykte wol fan it aristotelysk wrâldbyld ôf yn dy sin dat er oannaam dat oare planeten wól om de sinne draaiden. Der moat wol betocht wurde dat it Kopernikaanske wrâldbyld yn syn tiid perfoast net algemien wie. Dat de Roomsk-katolike Tsjerke Kopernikus syn wurk yn 1600 op de Yndeks sette, late wol ta fannijs omtinken foar it wurk yn de protestantske Republyk.
Wurk
bewurkje seksje- Theses disputationis ergo propositae de pleuritude (Leien, 1589)
- Cort onderwijs van het ghebruyck des astrolabiums (Frjentsjer, 1595)
- Almanach (Grins, 1604)
- Almanach (Grins, 1608)
- Waerachtich ende ghenoechelijck discours, van D.D. Mulerium (...): hoe dat wy door Godes ghenade, aen de Nederlandtsche vrede-handel zijn ghecomen (s.l. 1608)
- Verhael vande occasie en(de) oorsaeck waer door de Nederlanden gecomen zijn aenden vreede handel (s.l, s.a), is bewerking van bovenstaande tekst
- Calendarium Romanum vetus forma Juliana (s.l., s.a.) [1610]
- Tabulae Frisicae lunae-solares quadruplices (Alkmaar, 1614)
- Institutionem astronomicarum libri duo (Grins, 1616)
- (red) Copernicus, Astronomia instaurata (Amsterdam, 1617)
- Hemelsche trompet morgenwercker, ofte Comeet met een langebaert erschenen inde novembri ende decembri (Grins, 1618)
- Elogium Ubbonis Emmii (Grins, 1628)
- Iudaeorum annus lunnae-solaris et Turc-Arabum annus merê lunaris (Grins, 1630)
Ferneamingen
bewurkje seksjeIt flaggeskip van de Ryksuniversiteit Grins hjit sûnt 2002 'Nicolaas Mulerius' en is eigendom fan de Groninger Studenten Zeilvereniging Mayday. Sûnt 1991 hat de universiteit ek in Nicolaas Muleriusfûns ter bevordering van de bloei van de Rijksuniversiteit Groningen als klassieke, internationaal opererende instelling van wetenschappelijk onderwijs en onderzoek met een brede, ook culturele uitstraling.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|