Nikolaaskleaster yn Vjazjisjtsjski (Novgorod)
It Sint-Nikolaaskleaster (Russysk: Николо-Вяжищский монастырь; Nikolo-Vjazjisjtsjki Monastyr) is in stauropegiaal nonnekleaster yn it doarp Vjazjisjtsjskí op likernôch 12 kilometer noardwestlik fan Veliki Novgorod, Ruslân. Stauropegiaal wol sizze dat it kleaster net ûnder in biskop mar fuort ûnder it patriargaat falt.
Nikolaaskleaster
Николаевский Вяжицкий монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Novgorod | |
plak | Veliki Novgorod | |
koördinaten | 58° 37' N 31° 10' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | Ein 14e iuw | |
Ynformaasje bou | ||
monumintnûmer | 531520356540006 | |
Webside | ||
Side fan it kleaster | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt kleaster waard tsjin 'e ein fan 'e 14e iuw troch de muontsen Efrosinius, Ignatius en Galaktion en de hiëromuonts Pimen stifte en it komt yn 1411 foar it earst yn de kroniken foar. Neffens in leginde hie de lokale ealman net in soad op mei sokke buorlju, mar op in dei waard er siik en om't syn genêzing ta te skriuwen wie oan in ikoan fan 'e hillige Nikolaas, joech de ealman út tankberens lân oan 'e muontsen.
Yn 1411 waard de houten Nikolaaskatedraal boud. De annalen fan 1417 fermelde de bou fan in nije tsjerke (de foargonger wie heechstwierskynlik ôfbaarnd). Yn 1419 waard in houten poartetsjerke ta eare fan 'e muonts Antonius boud. Evimija, ien fan 'e wichtichste aartsbiskoppen fan Novgorod dy't withoefolle tsjerken bouwe liet, fûn yn it kleaster syn lêste rêstplak. De aartsbiskop waard yn 1549 troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke hillich ferklearre. It Nikolaaskleaster wie ea ien fan e grutste kleasters fan Novgorod en omkriten en besiet troch skinkings yn 'e 15e en 16e iuw ûngefear 2.000 hektare lân. In soad lân waard mei de sekularisaasje ûnder Katarina II lykwols konfiskearre.
It kleaster waard yn 1580 plondere troch troepen fan 'e Poalske kening Stefanus Báthory en letter, yn it begjin fan 'e 17e iuw, troch de Sweden.
De bolsjewiken sletten it kleaster yn 1920 en droegen it oan in kollektive buorkerij oer. De nije bestimming late ta fernielings oan 'e gebouwen om se geskikt te meitsjen foar agrarysk gebrûk. Sa moasten der foar de grutte masjines nije trochgongen makke wurde. Nei't it kleaster yn 'e Twadde Wrâldkriich ek noch slim te lijen hie fan it kriichsgeweld, waard der yn 1958 in begjin makke oan ûndersyk, folge troch in restauraasje en weropbou yn 'e jierren 1960, dy't duorre oant de jierren 1980.
It kleaster waard yn 1989 werom jûn oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke. Yn 1995 waard it kleaster nij libben ynblaasd en krige it de status fan stauropegiaal.
Gebouwen
bewurkje seksjeBewarre bleaun binne de Nikolaaskatedraal (1681-1683) en de twa ferdjippings tellende refter mei de tsjerken fan Jehannes de Evangelist en de Himelfeart fan 'e Hear (1694-1698). Opfallend is de tapassing fan keramiken tegels. De lytse tegels hawwe florale motiven, de gruttere tegels ferskate ûnderwerpen lykas in ienhoarn, in hynder, in dûbelkoppige earn of krusen. It kleurrykst is it ierdewurk fan 'e refter en dan benammen oan 'e Jehannes de Evangelisttsjerke. Wêr't de tegels makke binne is net mei wissichheid te sizzen. De tuorren en muorre om it kleaster binne 19e-iuwsk.
-
Ienhoarn
-
Krús
-
Liuw
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Николо-Вяжищский монастырь
|