Nikolaj Doerov
Russyske wiskundige
(Trochferwiisd fan Nikolaj Dûrov)
Nikolaj Valerjevitsj Doerov (Russysk: Николай Валерьевич Дуров; sekuerdere transliteraasje: Nikolaj Valjer'jevič Durov; 21 novimber 1980) is in Russyske kompjûterprogrammeur en wiskundige. Hy is de âldere broer fan Pavel Doerov, mei wa't er tegearre it sosjale netwurk VK[1] en letter Telegram[2] oprjochte hat.
Libben en oplieding
bewurkje seksjeYn 1996, 1997 en 1998 die Doerov mei oan de Ynternasjonale Wiskunde Olympiade, wêrby't er in gouden medalje wûn yn alle trije wedstriden dêr't er oan meidie.[3] Yn 1995, 1996, 1997 en 1998 wûn er in gouden en trije sulveren medaljes yn de Ynternasjonale Ynformatika Olympiade.[4]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |