Nithard (mooglik Aken, om 795 hinne - by Angoulême, 14 juny 844 wie in Frankyske skiedkundige, lekenabt en diplomaat. Hy wie de soan fan Angilbert en Berta, dochter fan Karel de Grutte.

Nithard wie berne justjes foar de kroaning fan Karel de Grutte ta keizer yn desimber 800. Hy waard wierskynlik grutbrocht yn de Keningspalts fan Karel de Grutte yn Aken, dêr't syn mem wenjen bleau oant de dea fan de keizer, of yn de abdij fan St. Riquier, dêr't syn heit in lekenabt wie. Hy soe syn ûnderwiis nei alle gedachten yn de keizerlike schola krigen hawwe, dêr't fan bekend is dat er ûnderwiis fan heech kwaliteit yn militêre en literêre saken krige.
Nithard sels waard letter ek in lekenabt yn de abdij fan St. Riquier. Hy tsjinne ûnder syn neef Karel de Keale, dêr't er twa misjes nei it hof fan Lotarius I útfierde en hy focht mei yn de Slach by Fontenoy yn juny 841. It is wierskynlik dat er ferstoar oan de ferwûnings dy't er opdien hie wylst er tsjin de Wytsingen focht by Angoulême. De datum fan syn ferstjerren hat bestriden west, mar der is no oerienstimming dat it op 14 juny 844 wie. Yn de alfde iuw waard syn stoflik omskot, mei de fatale wûne noch hieltyd te sjen, fûn yn it grêf fan syn heit, Angilbert.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: