Njoggende Wyk
De Njoggende Wyk (Stellingwerfsk en offisjeel: Negende Wiek) is in feart yn de gemeente Eaststellingwerf. De wyk rint fan de Nije Feart east fan Appelskea nei it noardeasten, en dan troch de Kompanjonsbosken east fan Ravenswâld nei de pleats Tsjerkefean besuden it Fochteler Fean. Bylâns dizze wyk rinne de Earste Wyk oant en mei de Alfde Wyk.
In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.
De namme Njoggende Wiek jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Negende Wijk.