It distrikt Noard (Hebriuwsk: מחוז הצפון, Mechoz haTzafon) is ien fan de seis distrikten fan Israel. De haadstêd is Nazaret. It distrikt Noard hat likernôch 1.401.300 ynwenners.

Distrikt noard grinzget oan Libanon, Syrje, Jordaanje en it Westjordaanlân. De Mar fan Tibearias heart ek by it distrikt en ek it grutste diel fan Galileä. Yn it noardwesten leit de kustline fan de Middellânske See mei de alde havenstêd Akko. De Golanhichte, in beset gebiet dat ta Syrje heart, wurdt sûnt 1981 bestjoerd as in soarte fan subdistrikt fan it distrikt Noard. De Israelyske anneksaasje fan it gebiet wurdt lykwols allinne mar troch de Feriene Steaten erkend en troch gjin inkeld oar lân.

It distrikt Noard bestiet benammen út heuvels fan om de 600 meter heech. De Golanhichte leit op ûngefear 1000 meter boppe seenivo.

Fan de ynwenners is 44,2% joadsk, 37,4% moslim, 7,8% druzysk en 7,4% kristlik.