Noardkaap (Nederlân)
Noardkaap is it noardlikste puntsje fan de fêstewâl fan Nederlân.
De Noardkaap leit oan de noardkant fan de Emmapolder, oan de râne fan de gemeente Het Hogeland yn de provinsje Grinslân. Om it plak te markearjen en sadwaane mear toeristen te lûken liet de eardere gemeente Iemsmûn yn 2002 it keunstwurk 'De Hemelpoort' of 'Poort Kaap Noord' (makke yn 2001) fan keunstner René de Boer sette. De namme 'Noardkaap' is tagelyk betocht mei it pleatsen fan it keunstwurk.