Nomy
Nomy (bertenamme: Patrick Berndt Boris Marquardt; 15 desimber 1979) is in Sweedsk keunstner út Ulricehamnsloppet (wennet no yn Jönköping).
Nomy is in Sweedsk muzikant, waans ferskes op it ynternet in tige grut publyk berikke.[1][2] Yn de jierren 90 skreau er Eurodance en Psytrance mei bekende chiptunemuzikanten sa as Anak en Thomas Danko, mar gong letter oer op it skriuwen fan rockmuzyk yn syn thusstudio.
Nomy hat gjin platekontrakt, mar brûkt it ynternet om syn muzyk te ferkeapjen. Hy ferkeapet ek albums fia syn hiemside en op muzykoanbieder Spotify. Nomy sjongt en spilet gitaar, mar hy makket de measte nûmers op de kompjûter. Syn ferskes fariearje fan rock oant ballades mei ynfloeden fan Skate, Metalgroepen lykas Bad Religion, Danko Jones, In Flames en Elvis Presley.
Op Spotify's wrâldtoplist stean Nomy's nûmers op nûmer 10.[3]
Nomy waard nominearre foar in Grammy Award foar 'Ynnovator fan it Jier' yn 2010.[4]
Diskografy
bewurkje seksje- Studioalbum
- 2007 - Atonic Atrocity
- 2008 - Song Or Suicide
- 2009 - Welcome to My Freakshow
- 2010 - Disconnected
- 2011 - By The Edge Of God
- 2011 - A Dream For The Weaker
- 2012 - Verity, Denial and Remorse
- 2013 - Free fall
- 2014 - Psycopath
- 2014 - The full story of Diane (EP)
- 2016 - Be your own god
- 2020 - Mary on a cross
- 2020 - Want you bad
- 2021 - Red Flags
- Sammelalbum
- 2009 - Random Bad Songs 1990-2000
- 2015 - Diane Collection
- Oar
- 1997 - Chronosphere
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|