De Noord Nederland is in frachtskip fan rederij Doeksen dy't in regelmjittige feartsjinst tusken Harns en Skylge ûnderhâldt en ien kear yn 'e moanne nei Flylân fart. It is it tredde skip fan rederij Doeksen dat fart ûnder dizze namme. It skip is ûntwikkele en boud yn Austraalje en op 10 augustus 2002 yn tsjinst naam. Yn 2017 is de Noord Nederland troch Damen Shipyards Group yn Harns mei 20 meter ferlinginge. De Noord Nederland is benammen bedoeld foar it ferfier fan fracht, smoarge lading (GFT, destruksjeweinen), gefaarlike stoffen en it ûntlêsten fan de fearboaten, sadat dizze mear auto's meinimme kinne.
Noord Nederland
|
|
algemiene ynformaasje
|
flagge |
Nederlân
|
thúshaven |
Skylge
|
eigner |
Rederij Doeksen
|
skiednis
|
werf |
ASB, Austraalje
|
kyllizzing |
23 jannewaris 2002
|
tewetterlitting |
10 juny 2002
|
oplevere |
9 augustus 2002
|
yn de feart |
10 augustus 2002
|
status |
Yn tsjinst
|
bysûnderheden en sifers
|
type |
Frachtskip
|
subtype |
RoRoKatamaran
|
lingte |
65,6 m.
|
breedte |
15 m.
|
djipgong |
1,8 m.
|
tonnaazje |
449,1 ton
|
laadfermogen |
12 frachtauto's
|
passazjiers |
12
|
oandriuwing |
4x Deutz BF6M1015MC, 1456 PK ~ 1072 kW, 4 skroeven
|
maks. faasje |
12 knopen (22 km/o)
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|