Nordalah
Nordalah wie in Fryske greve dy't libbe om-ende-by 800.
Hy hie it bewâld oer in gebiet dat lei tusken it Fly en de Medemelacha, in rivierke dat eartiids by Medemblik yn de Sudersee mûne. Nei gedachten wie dat de goa Wieringen.
Nordalah syn heit wie Alfbard ek wol bekend as Abba.[1] Hy stoar om 810 hinne. Hy wie de heit fan Gerulf I.
Nordahla's regear waard foarôfgien troch dat fan syn heit Alfbard en hy waard opfolge troch Dirk.
Literatuerferwizing
bewurkje seksje- Herre Halbertsma, Frieslands Oudheid, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, Utert-2000, side 188.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |