Nykøbing Falster, fakentiden ôfkoarte as Nykøbing F., is in plak op it eilân Falster en in eardere gemeente yn Denemark. De havenstêd leit oan 'e westlike kust fan it eilân. Sûnt de bestjoerlike weryndieling fan 1 jannewaris 2007 is de stêd it bestjoerlike sintrum fan de gemeente Guldborgsund.
De oarsprong fan Nykøbing giet werom op de 13e iuw. Al om 1200 hinne krige de stêd merkrjochten, mar oars as de âldere plakken Ribe of Viborg sleat Nykøbing him earst yn 1560 (ny) by de kring fan stêden mei merkrjochten (købstad) oan. De tafoeging Falster tsjinnet om de stêd te ûnderskieden fan twa oare Deenske plakken mei deselde namme, Nykøbing Mors en Nykøbing Sjælland.
Yn 'e stêd binne ferskillende fakwurkhûzen út de 16e oant de 18e iuw. It saneamde Czarens Hus (tsarehûs) tsjinne sûnt 1697 as herberch. Doe't yn 1716 Peter de Grutte op it eilân wie, siet er dêr te iten.
De wettertoer fan 1908 is 43 meter heech en hat in útsjochplatfoarm op in hichte fan 32 meter.
Fan it 15e-iuwske Slot Nykøbing is allinne in ruïne bewarre.
De Klosterkirken is in goatyske tsjerke út de 15e iuw. De tsjerke waard yn opdracht fan kening Erik VII foar it Fransiskaanske kleaster boud, dat oant 1532 bestie en mei de reformaasje yn 1536 opheft waard.