O Laam fan God, ûnskuldich

O Laam fan God, ûnskuldich is in Fryske oersetting fan it Lutherske liet "O Lamm Gottes, unschuldig" dat yn 1531 skreaun waard troch Nikolaus Decius (1485-1541).

Frysk Lieteboek (1979)[1]       Lieteboek (1948)[2]

O Laam fan God, ûnskuldich
oan't krúshout slein en slachte,
lankmoedich en ferduldich,
hoewol sa djip ferachte,
Jo dy't Jo libben joegen
en al ús sûnden droegen,
jou ús genede, o Jezus!

O Laam fan God, ûnskuldich
foar ús de dea yn jage,
help ús, dat wy geduldich
en bliid Jo't krús neidrage,
dat wy Jo mear beminne,
mei Jo de sûnde'oerwinne
jou ús Jo frede, Jezus!

     

O Laem fan God, ûnskuldich
Foar ús doemskuld'gen slachte.
Altyd bifoun geduldich,
Hoewol sa djip forachte.
Us sûnde ha Jo droegen,
Doe't hja oan't krús Jo sloegen.
Erbarmje Jo, o Jezus,
Erbarmje Jo, o Jezus.

 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, nûmer 99, side 144, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979
  2. Lieteboek, side 135, Musicologysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, Maertmoanne 1948