Oanpaste Steatestavering

Yn 2015 waard de saneamde Oanpaste Steatestavering fan krêft foar it skriuwen fan it Frysk. Yn dat ramt waard troch de Steaten fan Fryslân op advys fan 'e Fryske Akademy besletten ta in stikmannich oanpassings fan 'e Steatestavering fan 1980. Hjir in beheinde gearfetting fan de útwurking dy't de Fryske Akademy datoangeande bekend makke hat. De gearfetting beheint him ta dy feroarings dy't foar de taal/it wurdbyld fan de Frysktalige Wikipedia fan belang binne. (De oerlisside jout romte foar kommintaren).

It Frysk hat trije ferskillende oe-lûden, te witten it koarte ienlûd /u/, it lange ienlûd /u:/ en it twalûd /u.ə/. Dy wurde op dizze wize stavere:

/u/ as û of oe

/u:/ as û of oe

/u.ə/ as oe

De haadregel is dat it /u(:)/-lûd stavere wurdt as û. Op dy haadregel binne twa útsûnderingen: a) as it oerienkomstige Standertnederlânske wurd in oe hat, dan hat it Fryske wurd dy ek. Dat wurdt sa dien omdat der datoangeande in staverings-tradysje is. b) de bûging fan in beheind tal ûnregelmjittige tiidwurden hat yn de doetiid en folsleine tiid foar it /u(:)/-lûd de stavering oe of û. Dêr wurdt net fan de besteande staveringstradysje ôfwykt. Troch dy stavering wurdt yn guon gefallen dúdlik ûnderskied makke tusken de notiid oan de iene kant en de ûnfolsleine doetiid oan de oare kant. Tink oan: ik lûk (notiid) - ik loek (doetiid).

ieu wurdt iuw

bewurkje seksje

Oant no ta waarden foar it twalûd /i:ṷ/ twa ferskillende staveringen brûkt, te witten ieu (yn ieu, Sieusk, Hebrieusk) en iuw (yn kiuw, liuw, miuw en spriuw).

Tenei wurde alle boppesteande wurden mei iuw stavere, lykas de tiidwurden bliuwe, driuwe, kliuwe, piuwe, priuwe, riuwe, skriuwe, triuwe, wiuwe en wriuwe. It boppesteande wie mei de staveringswiziging fan 1945 al beëage. Doe binne alle wurden feroare nei de skriuwwize fan iuw, mar hja hawwe trije wurden net neamd (ieu, Hebrieusk en Sieusk). Mei dit útstel wurdt de betizing fuortnommen.

Boppedat komt de Fryske Akademy ek mei in griene list, dy't de status fan foarkarstavering hat. Benammen it ûnderwiis hat om mear dúdlikens frege. Foar de skriuwers op dizze wikipedy oft it no Klaaikers, Wâldsjers of Súdwesthoekers binne, bliuwe de ferskate dialektfoarmen tastien.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Utlis op it webstee Fryske Akademy