Uilke ("Oeki") Hoekema (Ljouwert 28 jannewaris 1949) is in eardere proffuotballer út Fryslân.

Hoekema makket in doelpunt tsjin Real Madrid (1971)

Oeki Hoekema begûn mei fuotbaljen by in Ljouwerter klup en kaam dêrnei yn it jeugdteam by Cambuur. Proffuotballer waard er ynearsten by Go Ahead Eagles. Dêrnei kaam er út foar SK Cambuur Ljouwert, PSV, De Graafschap, Lierse SK, FK De Haach en FK Wageningen. Yn syn perioade by PSV kaam er ien kear út foar it Nederlânsk fuotbalalvetal, op 17 novimber 1971 yn de wedstriid tsjin Lúksemburch dêr't hy ien kear yn skoarde.

Hoekema wie in tige prinsipjeel persoan, dy't net tsjin diktatoriaal regearde lannen spylje woe en dêrom wegere mei te gean mei it Nederlânsk Alvetal nei de Wrâldkampioenskippen fuotbal fan 1978 yn Argentynje.

Hy stoppe mei it beropsfuotbaljen yn 1981 en waard ymporteur fan houten wennings en hoekkuolkasten út Noarwegen. Yn 2002 wied er in skoftsje teammanager by Cambuur, mar hy koe dizze funksje net kombinearje mei syn wurk. Hoekema wennet yn It Oranjewâld.

Yn 2012 ferskynde in liet oer him, mei de foute titel "Oekie Hoekema".[1], songen troch Meindert Talma.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.youtube.com/watch?v=7EgLOjTYh-I