Oerlis:Afrika
Lêste reäksje: 17 jier lyn troch Geoffrey by it ûnderwerp trochferwiisside
It wurd húdich bestiet neffens my net, miskien 'hjoeddeiske'?
- Liket my in goeie ferbettering. Stean fêst noch wol mear net besteande wurden op dizze wikipedy. Fiel jo Frij om dy te ferbetterjen. Theun 22.26, 24 okt 2006 (CEST)
trochferwiisside
bewurkje seksjeIk ben sa eigenwiis west om hjir in trochferwiisside fan te meitsjen, hoplik kinne jim hjir yn fiene. --Geoffrey 18 jun 2007, 20.51 (CEST)
- Ik bin der eins net wei fan. Der binne fansels noch wol hûnderten oare saken dy't miskien ek wol Afrika neamt wurde, mar it bin allegear ôflaat fan it wrâlddiel (en dat hat syn namme fan de Romeinen krige?). Mar mei Afrika wurdt yn 99,5% fan de gefallen gewoan it wrâlddiel bedoeldt.
- Noch efkes oer de stavering. Ferjit de n net by it Mulwurd. Yn it nederlânsk is it tiidwurd maken->te maken. Yn it Frysk binne de foarmen ferskillend, meitsje->te meitsjen. Dit falt foar in frysktalige hiel bot op, foaral mei de útspraak, dan giet my de grize oer de grauwe.
- Theun 18 jun 2007, 22.07 (CEST)
- Theun, kinst it wer tebek sette, ik bin der sels efterôf ek net sa bliid mei--Geoffrey 18 jun 2007, 22.24 (CEST)
- It hoecht net beslist sa at it my it bêste taliket, in miening fan in behearder hat gjin ekstra gewicht yn de skaal. Asto it sa better fynst hoechst dyn miening net oan mynt oan te passen. Miskien binne der ek noch oaren dy't hjir wat fan fine, Mysha? Theun 18 jun 2007, 22.48 (CEST)
- Oef. Jim binne it der al oer iens, leau ik. Mar goed, dit is wat itselde as Sina, is't net? Minsken dy't Afrika skriuwe hawwe it hast altiten oer dat wrâlddiel. Mar ik wit net krekt wat it punt is dêr't der noch in betsjuttingsside foar komt, en wêr foarby der in synonym komt mei in keppeling boppeoan. (Mar ik mei alle ûnderskieden graach persys hawwe, sadwaande.) Mysha
- We moate werom nei de âlde situaasje. Ik tink dat in besjuttingside net nedich is. Ik gean wol by alle siden del dy't de Romeinske provinsje oanbelanget en pas de keppelings oan, dat komt op it selde del.--Geoffrey 19 jun 2007, 15.41 (CEST)