Oerlis:Aldfrysk
definysje aldfrysk
bewurkje seksjeDer doocht wat net oan de definysje âldfrysk. Aldfrysk neffens de definysje fan J. Grimm eindigt om 1250 hinne. Nou is it sa dat der gjin Fryske teksten binnen foar 1250. Wol binne der latynske teksten foar de Fryske gebieten. Mar dy binnen maest foar it gebiet, dat as exclave ûnder Munster foel. De bekende Groninger Gouwen dy Liudger neiliet oan syn bisdom. Dat binne foar it maest wetsteksten, werfan de âldste yn it Latyn notearre binne. Foar Fryslân binne der gjin teksten oerlevere. Dat is omdat "Dit Fryslân" de hjoeddeike previnsje, yn elk gefal beliend wie oant 1310 ta. Der wie dus gjin needsaek om Wetten to notaerjen. Wierskienlik waerd it rjocht hulden oant dy tiid ta, op de wize sa as dy biskreaun is yn it Condominiumferdrach. De Biskop of de graef makken in reis lâns in tal plakken der't se rjocht sprutsen en der't se de ynkomsten fan opstrutsen. Harren opfolgers sille net oars dien, der wie ommers gjin oare organisaesje om de maetskippij in de stokken to hâlden. Dus foar 1310 gjin Westerlauwerske fryske wetsteksten. Neier ûndersyk wiist út dat der yn de saneamde boeteteksen inkelde kêsten foar kommen der't munten yn neamd wurde, dy't ek foarkomme yn de muntoardering fan de Upstalbeam. Dat binnne de earste tekenen dat der Frysk skreaun is sis tusken 1323 en 1327. De jierren dat de Upstalbeam funksjonnearre. It Psalm fragmint dat hjir boppe neamd wurdt sil dus net 11e ieuwsk wêze man nei 1327 pleatst wurde moat. Ek it skrift, de wize fan skriuwen, jout der oanlieding ta. Mar ek de koadeksen binen sa âls net: Dy binne allegearre skreaun yn is skrift dat om 1420 hinne opkoam. Dat wie de litera hybrida. Alle Fryske Codici binne yn in foarm fan dat skrift skreau, en kinnen dus net âlder wêze as 1400, om it mar wat rûmer to nimmen. De teksten binne lykwols âlder as de datum dat se opskreaun binne. Derta kin de numismatyk as hulpwittenskip tsjinje. Neffen "Fries naar naam en Faam" lyts Frysk muntboekje, komme der stikken fan foar 1247 foar mar ek stikken fan sa'n 1400. It binne gjin wetboeken mar samlingen fan stikken dy't tafallich yn yn bepald Lânskip foarkoamen. En dan ek noch mar allinnich Grinzer en Eastfryske streken. As we nou de defynysje fan ALDFRYSK nochris tapasse, dan is der gjin âldfrysk, allinne middelfrysk en is Gysbert Japicx nijfrysk, en net "middel" want doe soe er skreaun ha yn de trant fan Van Maerlant. En der sit de "gaping"fan twa oant trije hûnmdert jeir tusken dyt ek tusken it âld en it middelfrysk sit. Ta bislút : de kollekse Von richthoven is net oare as in middelfryske kolleksje.
LITERATUER:
- J. Post. Een onvermoed succes. 2023.
- J.Post Een Mythe ontmanteld
- J. Post. Nieuw licht op de 17 Keuren.
2A02:A444:43D0:1:3C17:F0E:A177:329D 13 jan 2023, 10.38 (CET)
- Achte Post. Bêst genôch dat jo krityk op it artikel hawwe. Mar jo ferwize nei jo eigen wurk, dat binne gjin neutrale boarnen. Dat kin eins net. It soe moai wêze as jo ferwize koene nei wurken fan oaren. Dat ik ha jo oanfolling fan it artikel weromset. Groetnis, Drewes (oerlis) 13 jan 2023, 17.10 (CET)
- De definysje fan it Aldfrysk neffens Grimm is efterhelle en docht net ta de saak. Jo eigen ideeën hjiroer sille jo grif oer neitocht hawwe, mar dy geane tsjin 'e wittenskiplike konsensus yn. De yndieling fan it Frysk yn histoaryske tiidfakken is neffens alle of frijwol alle moderne Fryske taalkundigen sa: Aldfrysk oant 1550, Midfrysk 1550-1800/1820, Nijfrysk sûnt 1800/1820. Sjoch bygelyks side 9 fan it gesachhawwende Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer fan Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, in útjefte fan 'e Afûk. As jo it dêr net mei iens binne, stel ik foar dat jo dêroer by de Afûk en de Fryske Akademy jo beklach dogge. It hat gjin sin om jo betooch hjir te hâlden, want wy folgje hjir yn dizze saak de wittenskiplike konsensus. Fierders slút ik my by Drewes oan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 jan 2023, 23.55 (CET)
- Ik slút my by Drewes en Ieneach fan 'e Esk oan. Kneppelfreed (oerlis) 14 jan 2023, 03.07 (CET)