Oerlis:Barrahûs
In net oanmelde meidogger hat yn it artikel der no der fan makke dat Barrahûs komt fan Bergerahûs. Kloppet dat wol? --Geoffrey 4 feb 2009, 20.26 (CET)
- Der binne net sa'n soad plaknammen dêr't we precys fan witte wêr at dy wei komme. Sa't it der stie wie it faaks wat te absolút steld. At it hûs earder oantsjut waard as "Bergerahûs", dan soe dat al yn de tekst passe, mar dan mei it plak of de tiid dêrfan derby. Sa't it der no stiet seit it net folle. Faaks hat Gildemacher hjir mear oer skreaun? Mysha
- Dy haw ik hjir tafollich yn de kast stean :). Neffens Gildemacher wurdt yn 1360/1348 in Bergher huse / Bergera Stenhuse neamt. It kleaster fan Burgum hie hjir in fersterke hûs, de namme fan it kleaster komt ek foar yn de namme Barra convent. It is dus oan te nimmen dat it in ferbastering fan de plaknamme Burgum is. Theun 5 feb 2009, 18.29 (CET)
Soldaat
bewurkje seksjeIk wit net mear krekt hoe't dy soldaat hinne-en-wer skood is, mar stie dy earst net by Ald Barrahûs? Wêr heart dizze ferzje fan de apelsêge dan by? Wêrom dy soldaat der stie is neffens my ek dokumintearre, mar it is al in skoftke werom dat ik dat lêzen of heard haw. Mysha (oerlis)
- Nee, sa wie it ek net krekt, mar der is al omskood mei dy soldaat. En dan moat der ek noch in ruter west hawwe. Moatte wy faaks sizze dat Barrahûs in buorskip is, dêr't de ferskate bouwen dan by neamd wurde kinne? Mysha (oerlis)
De pleats dêr't it soldaatsje no stiet, Nij-Barhûs, waard boud nei't de skuorre en oare bedrouwsgebouwen fan Ald-Barhûs sloopt wurde moasten fanwege de oanlis fan it spoar Ljouwert-It Hearrenfean dat op 1 septimber 1868 iepene waard. Dat it liket my ta dat de sêge ferbûn is oan it âld stee. De sêge is yn oantal farianten oerlevere is en de âldste fermelding komt út 1848. Drewes (oerlis) 13 maa 2016, 18.02 (CEST)