Oerlis:Bjirmsk
Lêste reäksje: 1 dei lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Straupanne
Straupanne
bewurkje seksjeÚt ûnderfining ha ik ûntdutsen dat it Bjirmsk ien spesifyk wurd hat dat allinnich yn it eigen taalgebiet begrepen wurdt, dat is "Straupanne". Alinnich ien dy't yn de foarmalige gemiente Barradiel opgroeid is wit wat dat betsjut. Strau is Pannekoek en Straupanne is dus Koekepanne.
Strau en Straupanne lykje op it Bildse Strúf en Strúfpanne en dy ha deselde betsjutting. Sadat allinich Bilkers dy wurden gefoelsmjittich begripe. Nei jierren kriskras troch de provinsje reizige te hawwen kaam ik der tafallich achter dat jo oan dit iene wurd genôch hawwe, as in soartement lakmoesproef, om te sjen of ien út it alde Barradiel stamt. -- [foargeande opmerking waard oan it artikel tafoege troch Meidogger:Audire FRL, 22 desimber 2024, 13.41]
- Ik haw boppesteande bydrage ferpleatst fan it artikel nei de oerlisside, omdat de styl fan 'e bydrage net ensyklopedysk is, mar wat wichtiger is, it wurd "straupanne" is hielendal net sa bysûnder. It Standertfrysk hat it wurd "stropanne" mei deselde betsjutting. De measte Friezen sille no net mear witte wat dat is, mar ús mem hat it altyd brûkt, dat foar my is it hiel bekend. Yn it Bjirmsk is de oo-klank fan dit wurd dus ferskood nei au, in ferskynsel dat ek al earder yn it artikel neamd wie. Ik sil "straupanne" dêr as ekstra foarbyld oan tafoegje, mar fierder foeget it ferhaal fan Audire FRL dus neat ta. -- Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 des 2024, 19.56 (CET)