Dit soe fansels yn it iental maotte, mar "Borg" is ek gjin Frysk wurd. It soe op himself "Borch" stavere wurde, mar moat it faaks "Buorch" wêze, of at it itselde wurdt is as dat oare "borg": "Boarch"? Aliter 03.02, 12 jan 2006 (UTC)

Ik seach it yn dizze foarm mear as de Grinzer tsjinhinger fan States en Stinzen en dus as List fan Boarchen. Op sich tink ik dat in side oer de Stins, State en Boarch ek wol aardich is, mar yn hokker foarm dat dan precies moat?
It liket my sa ta dat de Stins itselde is as de Steenhuizen op it webstee oer de boarchen. Ik hie efkes op it webstee runsjoen mar ik koe der net hielendal útkomme wat no in boarch is, dus ik haw it earst mar ris by dit lystje hâlden. Ik haw it idee dat ikt ferlykber is mei in State.
Oer de stavering, it liket my sa ta da't it it wurd is foar burcht -> Boarch. Mar ik bin net echt thús yn de Grinzer taal. Theun 19.39, jan 12, 2006 (UTC)
Iens: Boarch moat it neffens my wêze. B. 22.30, jan 12, 2006 (UTC)
Stienhûzen binne stinzen. Ik haw it idee, "boarch" wurdt yn Grinslân brûkt foar alles fan in stins oant in state. Ik pas de namme oan. Aliter 23.25, jan 12, 2006 (UTC)
Werom nei de side "Boarch".