Oerlis:Boek (betsjuttingsside)
Bêste bodders,
Ik stel út om de tredde trochferwizing bûk-boukeunst fuort te heljen. De Fryske wurdboeken binne nochal betiizjend oer dat begryp. In pear jier tebek waard 'beuk' sjoen as in Hollannisme en no is it wurd opnaam as oersetting foar it Nederlânske begryp beuk (tsjerkeskip). Sa't André hjir earder 'boek (boukeunst)' byset hat, is yn de wurdboeken net werom te finen. Wy kinne nei myn betinken twa dingen dwaan. Of wy beskôgje it wurd 'beuk' yn it Frysk foar in offisjeel lienwurd út it Nederlânsk of wy ferfange it wurd beuk yn it Frysk troch 'skip'. Graach jimme reaksjes. Yn 'e Wâlden (oerlis) 11 apr 2016, 14.01 (CEST)
- Beuk/bûk en skip binne net hielendal synonym: sjoch 'ienboekich skip' yn Pitertsjerke (Iemnes), Gertrudistsjerke --PiefPafPier (oerlis) 11 apr 2016, 16.16 (CEST)
- Dan moat it beuk wurde, wat it al wie by Zantema/Visser. Drewes (oerlis) 11 apr 2016, 16.59 (CEST)
- Ik sjoch it no ek by Visser, by Zantema koe ik net fine. Der is fansels neat mis mei, as wy in wurd út it Nederlânsk oerkrije. Litte wy de boek- en no bûk-foarm der mar út helje en ferfange troch de beuk-foarm. Yn 'e Wâlden (oerlis) 11 apr 2016, 17.24 (CEST)
- Dan moat it beuk wurde, wat it al wie by Zantema/Visser. Drewes (oerlis) 11 apr 2016, 16.59 (CEST)