Oerlis:Bretanje (betsjuttingsside)

Lêste reäksje: 4 jier lyn troch Tulp8

Op de side stiet no:

De boppeste beide ferwize no lykwols nei itselde "Bretanje (regio)". Der wurdt dus no earst in ûnderskied makke en by trochklikken komt men beide kearen op deselde side út. It ûnderskied regio/skiereilân is yn de praktyk ek net altyd sa dúdlik tinkt my. (It hartochdom stiet dêr los fan) Myn foarstel soe wêze om fan "Bretanje (skiereilân)" in redirect te meitsjen nei "Bretanje" en de side "Bretanje (regio)" om te neamen nei "Bretanje". De ferwizing nei Hartochdom Bretanje soe dan ûnderoan de side Bretanje stean kinne ûnder it kopke: Sjoch ek. De betsjuttingsside kin dan ferfalle. Tulp8 (oerlis) 3 okt 2020, 19.16 (CEST)Beäntwurdzje

Mmm. Der is dochs wol ûnderskie tusken de bestjoerlike regio (minus it departemint Loire-Atlantique) en it skiereilân, dêr't dat departemint beslist by heart. Dat is in flinke hap út it gebiet (ferlykje de lânkaarten op nl:Bretagne (regio) en nl:Bretagne (schiereiland)). My tinkt dat de trochwizing fan it skiereilân nei de regio gewoan ferkeard is. Dy moat derút om't dy side noch net skreaun is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 okt 2020, 22.28 (CEST)Beäntwurdzje
Ik haw der nochris oer neitocht. Ik tink dat we yn dizzen it bêste de Ingelske wikipedy folgje kinne troch in side 'Bretanje' te meitsjen oer it skiereilân en de histoaryske provinsje, mei dêr boppe-oan in trochwizing nei de oare betsjuttings op dizze betsjuttingsside, dy't dan omneamd wurde moat. Ik sil sjen oft ik der fan 'e wike noch oan ta kom om 'e side Bretanje te skriuwen. Moarn en tiisdei wurdt dat yn elts gefal neat, dat it sil wierskynlik woansdei of tongersdei wurde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 okt 2020, 01.53 (CEST)Beäntwurdzje
Dan is it ek oplost. Nim de tiid mar, it baarnt net op 'e neil. Tulp8 (oerlis) 4 okt 2020, 08.53 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Bretanje (betsjuttingsside)".