Oerlis:Britsk-Ynje
Drewes hie "Yndyske Muiterij" ferbettere ta "Yndysk Oproer", en yn prinsipe hat er dêr gelyk oan, want it wurd "muiterij" stiet net yn it Frysk Wurdboek; dat jout dêrfoar ynstee "oproer". Dus oant safier binne wy it iens. Mar it wurd "oproer" dekt yn dit gefal de lading net. "Muiterij" wol (krekt as it Ingelske mutiny) sizze: in opstân fan ûnderhearrigen (itsij op in skip, itsij yn it leger) tsjin dejingen dy't rjochtlik it befel oer harren fiere. Dat is yndie wat yn dit gefal barde (of wat de Britten fûnen dat der barde). "Oproer" is dan gewoan fiersten te algemien. Dêrom lien ik by dizzen foar dit spesifike doel it wurd "muiterij" út it Hollânsk (en haw ik de tekst weromferoare). Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 sep 2013, 20.51 (CEST)
- "Oproer" is dan gewoan fiersten te algemien. Mei jo iens, mar muiterij is gjin Frysk. Legeroproer, skipsoproer? Drewes (talk) 19 sep 2013, 21.09 (CEST)
- Mar as jins memmetaal gjin wurd hat foar in beskaat begryp, dan stiet it dochs in elk frij om in wurd út in oare taal te lienen? As jo wier-wier net oer "muiterij" meie, dan soe "legeroproer" eventueel kinne, nim ik oan. Mar dat ik no in gat yn 'e loft spring by it hearren fan dat wurd, no nee. Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 sep 2013, 22.15 (CEST)
Ik wol it lêste wurd (altyd) net hawwe. Wy kinne reäksjes fan oaren noch in skoftke ôfwachtsje. Drewes (talk) 20 sep 2013, 15.49 (CEST)
- Bêst genôch. It is foar my trouwens ek gjin saak fan libben of dea, hear. Ieneach fan 'e Esk (talk) 21 sep 2013, 18.33 (CEST)