Oerlis:Carl Reiner
Lêste reäksje: 6 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk
@Mysha: Wy wurde allegeduerigen bedobbe ûnder troch in robot(?) oanmakke stikjes. Dy hawwe benei standert foute kategoryen en standert oare fouten (folút) en hast gjin ynhâld. Ik mei der net oer om al dy Amerikaanske akteurs troch de strôt treaun te krijen, haw der skjin myn nocht fan. Mar goed, ik sil der ternei (wierskynlik ek standert) 'wiskwarskôging' boppe sette. Drewes (oerlis) 20 mrt 2018, 13.35 (CET)
- Tsja, ik kin it net neisjen want de side is fuorthelle, mar ik hie it idee dat der ferskate bewurkings fan de anonym nedich wienen om it artikel te meitsjen, dat it liket my net in bot. At immen perfoarst alle Amearikaaske akteurs oanmeitsje wol, dat mei er dat om my; it is net in soad ynformaasje, mar it jout in bytsje in idee wat dy lju binne. Ik hie net witten of Carl Reiner in wittenskipper wie as net.St it der net tefolle op in dei binne, wol ik ek wol helpe at ik it sjoch; faaks sjocht er dan wat de standert-wurden binne dy't er sûnder Frysk te kennen brûke kin. Mysha (oerlis)
- No, ik haw dit faker sjoen, en ik wit net hoe't it yn dit spesifike gefal om en ta gien is, mar yn oare gefallen wurde sokke siden wol deeglik yn ien kear oanmakke, en dan wurdt der net mear nei omsjoen. Nettsjinsteande alle flaters stiet der wol altyd de goede link nei de IMDb op, dat is opmerklik. Ik haw my ris troch PiefPafPier fertelle litten dat guon bedriuwen (miskien de IMDb ek?) bots oan it wurk sette om harren links op safolle mooglik webpagina's te krijen. Yn prinsipe bin ik it mei Drewes iens (ik smyt sokke siden ek wol fuort), mar ik kin my goed fine yn it pleatsen fan in wiskwarskôging en in wachttiid fan in pear wiken. Teminsten salang't we net op sa'n wize mei sokke stobkes oerstjalpe wurde dat it pleatsen fan wiskwarskôgings en sa op himsels wer in soad wurk wurdt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 mrt 2018, 19.12 (CET)