Oerlis:De Gouden Engel (Koedijk)
Lêste reäksje: 4 moannen lyn troch Kneppelfreed
@RomkeHoekstra, De wjukken binne tradisjoneel Ald-Hollânsk ophekt. Wat betsjut dat krekt? Kneppelfreed (oerlis) 7 aug 2024, 05.28 (CEST)
- @Kneppelfreed: Wjukken kinne ferskillende foarmen ha, de âldhollânske tuiaazje (ik wit net of tuiaazje wol in Frysk wurd is) fan 'e wjukken datearret fan 'e 17e iuw. Dat binne ienfâldige roeden mei hekwurk, de tradisjonele foarm sa't dy it measte foarkomt. Yn 'e 19e en 20e iuw binne nije en effisjintere wjuksystemen yn Nederlân yntrodusearre om mear kW te produsearjen, lykas Van Bussel-, Bilau-, Dekker- of Fauël/fokwjukken (of de yn Grinslân noch in soad foarkommende selsswichting). By it Nederlânsktalige lemma nl:gevlucht stiet wol in wiidweidige omskriuwing, yn it Frysk ûntbrekt der noch in lemma oer. By in soad restauraasjes waarden oant in skoft ferlyn wjukken werom brocht yn de tradisjonele foarm mei Ald-Hollânsk hekwurk om 't dat moaier fûn waard. Tsjintwurdich is der by restauraasjes wer wat mear belangstelling foar de wjukferbettering en somtiden wurdt dy wjukferbettering ek wer hersteld, sels al hat dy sitewaasje mar foar in lyts skoft bestien, lykas yn it gefal fan 'e Walfisch yn Skiedam. --RomkeHoekstra (oerlis) 7 aug 2024, 09.05 (CEST)
- @RomkeHoekstra, tige tank foar jo útlis. No bin ik gâns wat wizer wurden. Faaks soe dêr in lemma oer komme moatte om soks út te lizzen, mar ik wol jo fansels ek gjin wurk oplizze :-) Kneppelfreed (oerlis) 8 aug 2024, 05.54 (CEST)
- @Kneppelfreed: Ja, dêr ha jo gelyk oan, allinne bin ik bang dat der foar technyske ûnderdielen gjin geve Fryske wurden te finen binne. Frjemd genôch wurdt der yn it boek Friese Molens gjin omtinken jûn oan 'e Fryske mûnetaal. Likemin yn it Groot Fries Molenboek (I). Ik ha krekt lyn nei Ljouwert west om it boekje Fryske Moletaal fan it Gild Fryske Mounders yn te sjen, mar dat foel ek bot ôf (it boekje woe ek allinne mar in oanset jaan). Wol ha'k dêryn lêzen dat de vijzel fan 'e mûne net as fizel oerset wurde moat, mar as skroef. Myn Frysk Wurdboek set vijzel as fizel oer (lykas ek Frysker) en makket gjin ûnderskie. Fierder ha'k yn it folle âldere Fries Molenboek noch aardich wat Fryske wurden fûn, mar it bliuwt pielen. Ik sil meikoarten der noch ris nei sjen.--RomkeHoekstra (oerlis) 8 aug 2024, 09.30 (CEST)
- @RomkeHoekstra, tsja dat wurdt yndie wat pielen. Ik sels haw gjin ferstân fan mûnen, oars soe ik jo graach dêrby helpe wolle. Faaks kin dizze side in bytsje fertuten dwaan. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 8 aug 2024, 18.11 (CEST)