Oerlis:De Waadhoeke

Lêste reäksje: 6 jier lyn troch Mathys1995 by it ûnderwerp Plaatsje yn Ynfoboks

Kin dizze side net better omneamd wurde ta "Waadhoeke"? Ik leau net dat "De" by de offisjele namme heart. Mathys1995 (oerlis) 11 mrt 2018, 23.07 (CET)Beäntwurdzje

@Mathys1995: Nee, mar dat stiet ek dúdlik yn 'e tekst. De ynlieding seit:

De Waadhoeke (Nederlânsk: Wadhoek of Waddenhoek; offisjeel de tuskenbeiden foarm: Waadhoeke; Biltsk: Waadhoek; Frjentsjertersk: Wâdhoeke) is in gemeente ...

en fierderop stiet dat de ynwenners yn in referindum út trije foarsortearre nammemooglikheden kieze koene. Yn 'e earste omgong foel "Franeker" ôf.

De oerbleaune mooglikheden, 'Nij-Westergo' en 'Waadhoeke', wiene beide net geef Frysk ('Nij-Westergoa' en 'De Waadhoeke') en net geef Nederlânsk ('Nieuw-Westergo' en 'Wadhoek'), en dêr kaam frijwat krityk op.

De offisjele namme is dus it healslachtige 'Waadhoeke', dat we op 'e Wikipedy ferfryske hawwe ta it gevere 'De Waadhoeke', krekt sa't we bygelyks ek 'Smellingerlân' dogge, wylst de offisjele namme 'Smallingerland' is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 mrt 2018, 23.41 (CET)Beäntwurdzje

@Ieneach fan 'e Esk: Moaiere útlis hie ik net krije kinnen, dat tank dêrfoar. Sil dy skriuwwize ûnthâlde foar nije siden dy't ik noch skriuwe sil. Mathys1995 (oerlis) 12 mrt 2018, 00.01 (CET)Beäntwurdzje
@Mathys1995: En oars is der noch gjin man oerboard, want 'Waadhoeke' linkt gewoan troch hjirhinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 mrt 2018, 00.04 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk: Sa is dat. Binne jo op deselde wize ek foar it ferfryskjen fan nammen fan oare (net-Fryske) gemeenten yn Nederlân? Bin fan doel om noch in pear nije siden te skriuwen, mar sit allinnich wat mei de skriuwwizen yn de mage. Mathys1995 (oerlis) 12 mrt 2018, 00.14 (CET)Beäntwurdzje
@Mathys1995: Yn prinsipe wol, mar binnen grinzen. Ik soe der bygelyks net foar wêze om fan Zoetermeer 'Swietermar' te meitsjen, dat fyn ik dan wer wat te fier gean, mar dingen as Volendam/Foalendam, Monnickendam/Mûntsjedam of Nieuwer-Amstel/Nijer-Amstel fyn ik logyske ferfryskings. It kin fansels ek sa wêze dat in logyske ferfrysking net brûkt wurdt om't de Hollânske foarm sa ynboargere is, lykas by Eindhoven/Einhôven. We sille soks dus fan gefal ta gefal besjen moatte. Jo meie oer jo ferfryskingsideeën fansels altyd oerlizze, mar it is net sa dat jo yn 't foar goedkarring foar in ferfrysking hoege te sykjen, hear. As oare meidoggers it der net mei iens binne, dan hearre jo it wol en in artikel kin altyd efterôf noch omneamd wurde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 mrt 2018, 00.27 (CET)Beäntwurdzje

Plaatsje yn Ynfoboks

bewurkje seksje

@Mathys1995: Goejûn. Ik haw sjoen wat jo mei de ynfoboks dien hawwe, en it sjocht der mar kreas út. Wat ik wol spitich fyn is dat de foto dy't ik boppe-oan yn 'e ynfoboksen fan Fryske gemeenten set hie, no ûntbrekt. Ik haw ferline jier nochal wat wurk hân fan it útsykjen fan foto's dy't foar eltse gemeente tapaslik wiene. Is it net mooglik om dy yn jo ynfoboks op te nimmen? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 mrt 2018, 19.18 (CET)Beäntwurdzje

Jawis! Ik leau dat ik it samar fergetten ha! Ik sil der fuortendaliks even mei oan de gong. Mathys1995 (oerlis) 21 mrt 2018, 19.33 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "De Waadhoeke".