Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 54.605 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


Ynfoboksen

bewurkje seksje

Mathys, dat is moai. Ik haw nammentlik gjin doel oer it meitsjen fan ynfoboksen. Ik bin oars bliid mei jo bydragen. Drewes (oerlis) 20 jul 2015, 17.30 (CEST)Beäntwurdzje

Kompliminten

bewurkje seksje

Mathys, ik wol jo graach even komplimintearje mei jo kreaze siden oer (û.o.) loftfeartmaatskippijen. In dikke tomme omheech. Gean sa troch! Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 jul 2015, 00.33 (CEST)Beäntwurdzje

Tige, tige tank! Dêr wurdt in minske fleurich fan! (Mathys1995 (oerlis) 26 jul 2015, 09.45 (CEST))Beäntwurdzje

Ynfoboksen

bewurkje seksje

Goejûn, Mathys. Ik haw sjoen dat jo de ynfoboksen foar bedriuwen en organisaasjes sels al fûn hawwe, en der sels in kreazenien foar loftfeartmaatskippijen bymakke hawwe. Ik wit net oft jo ek fan doel binne om biografyen te skriuwen, en as jo dat dogge, wol ik jo ek beslist net twinge om dêr ynfoboksen foar te brûken. Dat moatte jo hielendal sels witte. Mar sels fyn ik it altyd wol noflik om mei ynfoboksen te wurkjen, en dêrom haw ik ferskaten oanmakke foar persoanen. Mar der bestiene ek al guon, en dêrom rint de nammejouwing wat útinoar en kinne se dus wat dreech te finen wêze. Dêrom tocht ik dat it miskien handich is om se even foar jo op in rychje te setten:

Sa. Ik hoopje dat jo der wat oan hawwe. By fragen kinne jo altyd by my telâne, allinnich, ik bin lang net alle dagen op 'e Wikipedy aktyf, dus it antwurd kin wolris even op him wachtsje litte. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 jul 2015, 22.11 (CEST)Beäntwurdzje

Goejûn! Ik hie yndied al fernommen dat der wat ferskillen bestienen tusken ferskate ynfoboksen. As ik skylk oan in biografy takom, dan sil ik der efkes om tinke, dat tige tank foar it skriuwen. Groetnis, (Mathys1995 (oerlis) 27 jul 2015, 22.34 (CEST))Beäntwurdzje

In pear opmerkings

bewurkje seksje

Goeie, Mathys. Even in pear opmerkings. Alderearst: hartstikkene moai dat jo nei in skoft fan ôfwêzichheid wer sa aktyf binne op 'e Wikipedy. Fierders soe ik al graach sjen dat jo, as jo artikels oer persoanen oanmeitsje, se even sortearje op 'e efternamme troch by de kategoryen it "{ {DEFAULTSORT:Efternamme, Foarnamme} }" ta te foegjen. (Mar dan sûnder de spaasjes tusken de akkolades, dy't ik hjir deryn set haw om't oars jo oerlisside op 'e E fan Efternamme sortearre wurde soe. As dit net dúdlik is, sjoch dan oars marris by René van der Gijp, hoe't ik it dêr dien haw.) En in county is net itselde as in gemeente. Feitliks is in county opboud út ferskate gemeenten, dy't yn Amearika city, town, township ensfh. neamd wurde. As jo de Amerikaanske steaten lykslane mei ús provinsjes, dan binne de countys dus in bestjoerslaach tusken de provinsjes en de gemeenten yn, dy't we yn Nederlân net hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 maa 2017, 12.17 (CEST)

Tige tank foar jo opmerkings en ynstruksjes. It sortearjen op efternamme wie my oant no ta noch frjemd, mar it liket net al te dreech om dat der efkes by te setten. Fierders ha jo gelyk wat de county's oanbelanget en dêr sil ik yn it ferfolch rekken mei hâlde. Nuver, want op eardere siden haw ik dy flater net makke. Nettsjinsteande, tige tank! Mathys1995 6 maa 2017, 09.31 (MST)
  Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 maa 2017, 18.43 (CEST)

Berjocht bedriuw

bewurkje seksje

It spyt my wol, Mathys, mar ik haw jo wizingings oan it Berjocht:Bedriuw weromset, omdat ik dy estetysk net moai fûn. Jo hiene der sa'n keale bedoening fan makke. En al dy haadletters... Teminsten, dat is myn miening. En om't ik it berjocht:bedriuw makke haw, fyn ik dat ik der ek wat oer te sizzen haw hoe't it derút sjocht. Mar dêr hoege we gjin rûzje oer te krijen, want it stiet jo folslein frij om sels in nij berjocht oan te meitsjen dat jo gehiel nei eigen smaak ynrjochtsje kinne. Dat soene jo dan bgl. 'Berjocht:Bedriuw2' of 'Berjocht:Ynfoboks bedriuw' neame kinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 maa 2017, 23.59 (CEST)

Ynfoboksen nei de Filistinen

bewurkje seksje

Goeie, Mathys. Troch fan boppen troch Wikimedia opleine feroarings yn 'e tabelopbou ûnderstipet it systeem fan 5 july ôf net mear tabellen dy't yn oare tabellen nestele binne. (Sjoch: Wikipedy:Oerlisside#Tidy to RemexHtml en de list op Special:LintErrors.) Dat jildt foar jo Berjocht:Ynfoboks lân, Berjocht:Ynfoboks provinsje fan Noarwegen en Berjocht:Ynfoboks plak yn Noarwegen. Dy ynfoboksen sille dus oanpast wurde moatte, en dat kinne jo it bêste sels dwaan. Drewes en ik hawwe der yn elts gefal te min ferstân fan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 jul 2018, 22.49 (CEST)Beäntwurdzje

Goeie! Ik woe 5 july eins mar even ôfwachtsje, en foar safier't ik sjen kin is der noch neat feroare. Ik sil it yn de gaten hâlde en as der wat nijs makke wurde moat, dan sil ik dat besykje. Yn alle gefallen is it moai dat jo my hjir in berjocht oer stjoere. Tanke! Mathys1995 (oerlis) 6 jul 2018, 08.35 (CEST)Beäntwurdzje
Gjin tank. Dat sprekt fansels. Jo hawwe gelyk: der liket noch neat feroare te wêzen, mar ja, ik haw hjir fierders gjin ferstân fan en ik praat ek allinnich mar nei wat my ferteld wurdt. Moai, yn elts gefal, dat jo sels de boel wat yn 'e gaten hâlde, dan hoech ik my oer dizze ynfoboksen gjin soargen mear te meitsjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 jul 2018, 12.27 (CEST)Beäntwurdzje

Mathys, no giet it dochs mis jo ynboboksen. De tekst stiet dernêst. Der is al haast by om dit op te lossen, want siden oer lannen dêr komme wol in soad lêzers del. Nochris: it giet om Berjocht:Ynfoboks lân, Berjocht:Ynfoboks provinsje fan Noarwegen en Berjocht:Ynfoboks plak yn Noarwegen. Op 'e side Special:LintErrors kinne jo gau sjen om hokker siden oft it allegear giet. Graach even fluch aksje ûndernimme! Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 aug 2018, 14.36 (CEST)Beäntwurdzje

Goeie, ik sjoch no ek dat de tekst oeral stiet. Ik ha der efkes mei oan de gong west, mar it wol noch net slagje om it goed te krijen. Miskien is it wat om de boksen tydlik fuort te heljen of in eardere boks tydlik werom te setten? Ik sil der efkes wat langer mei omgrieme moatte om it wer ynoarder te meitsjen. Ik hear graach even wat jo derfan tinke. Mathys1995 (oerlis) 2 aug 2018, 20.33 (CEST)Beäntwurdzje
Tsja, ik kin my wol aardich rêde mei in soad ynfoboksen, mar dy yngewikkelde dingen dy't jo ûntwurpen hawwe, dat giet my earlik sein boppe de pet. Dat, oan my hawwe jo net folle om dit probleem op te lossen. By de lannen kinne we it spul yndie wol even weromsette nei de âlde ynfoboksen. De ynformaasje yn en fan 'e nije ynfoboksen bliuwt wol beholden yn 'e sideskiednis en as jo in oplossing betocht hawwe, kinne jo it spul wer nei de nije ynfoboksen weromsette. Wat de ynfoboksen yn Noarwegen oangiet, dat binne siden dy't jo nij oanmakke hawwe, dat dêr bestiet gjin âlde ynfoboks fan. No binne dat grif ek net de alderdrokst besochte siden fan 'e Wikipedy, dat dat kin as it echt moat wol even in pear wiken sa stean bliuwe, tink... Mar ek dêr sil úteinlik wat oan dien wurde moatte. As jo der echt net útkomme, kinne we jo ynfoboksen dêr ferfange troch oare ynfoboksen, mar dêr sit wol wat wurk yn en dêrom doch ik dat leafst net as jo aansten it probleem oplosse en jo eigen ynfoboksen wer weromsette. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 aug 2018, 21.13 (CEST)Beäntwurdzje
P.S.: mei it oplossen fan 'e problemen by de Haadside hawwe in pear ekspêrs fan Wikimedia holpen. As jo by it oplossen fan 'e problemen mei jo ynfoboksen technyske stipe nedich binne, soene jo m:User:Whatamidoing_(WMF) of m:User:SSastry_(WMF) freegje kinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 aug 2018, 21.18 (CEST)Beäntwurdzje
Ik leau dat ik it probleem oplost haw. Ik wie dwaande om de siden oer lannen werom te setten nei de âlde ynfoboksen, sa't we hjirboppe bepraat hiene, doe't ik tocht: miskien wurket de simpele oplossing dêr't SSastry mei kaam foar it berjocht fan 'e haadside ek wol by jo ynfoboksen. Dat wie dus net sa, mar doe't ik der nei seach, foel my op dat jo in hiel soad {| stean hiene (dat is wat it probleem feroarsake), mar gjin byhearrende |}. Dat fûn ik apart, dat ik haw der ris even mei ompield, en úteinlik haw ik by wize fan prebearsel de hiele regel {| style="float: right; width: 270px; margin-left: 1em; border-spacing: 1px;", dy't hieltyd wer weromkaam, derútsmiten. Dêrnei die de ynfoboks it wer, en safier't ik sjen kin is der gjin ynfo ferlern gien. Jo moatte der sels ek noch mar even nei sjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 aug 2018, 21.45 (CEST)Beäntwurdzje