Oerlis:Dielgebieten fan Ruslân
@Kneppelfreed: Goeie, dêr bin ik wer te seuren. Ik haw it listke mei dielgebieten op dizze side even oereage en der foelen my sa daliks al in pear dingen op. Jo skriuwe Russyske nammen as Kirov en Pskov mei oan 'e ein fan 'e namme in -f ynstee fan in -v. Ik bin it mei jo iens dat dat eins in Fryskere stavering is, mar we skriuwe by persoansnammen (Michail Gorbatsjov, Joeri Andropov, etc.) en plaknammen (Saratov, Rostov oan de Don, etc.) yn sokke gefallen ek in -v en dat is ek út 'e media wei in ynboargere foarm, dat wat my oangiet, soe de -v oan 'e ein de foarkar hawwe. En Primorsky Kraj betsjut "Kustterritoarium". Yn dat spesifike gefal soe ik de namme leau 'k oersette om't primorsky op himsels eins net folle betsjut ("kust", mar dy hawwe jo oeral by de see lâns en it giet om in spesifyk stikje kust). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 mai 2022, 21.54 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: oh jo seure alhiel net hear. De reden dat de nammen op -f einigje, is dat ik noch net dien bin mei de list. Ik hie de list fan de Afrikaansktalige wikipedyside kopiearre, mar it wie justerjûn al let doe't ik op healwei de side wie en tocht it moarn mar even fierder dien te meitsjen. Dus dy nammen steane noch op de Afrikaanske wize. Ik wie der bewust fan dat wy yn 't Frysk de Russyske nammen op -v einigje litte. Sjoch mar nei de trochferwizingsbalke dy't ik in pear dagen lyn makke hawwe: Berjocht:DielgebietenRuslân. Dêr haw ik, hoopje ik, de nammen op de krekte wize set. Gr. --Kneppelfreed (oerlis) 8 mai 2022, 02.51 (CEST)
- @Kneppelfreed: Nim my net kwea-ôf, Kneppelfreed. Dat hie ik net yn 'e gaten. Dan haw ik wer foar myn beurt praat. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 mai 2022, 00.03 (CEST)