Oerlis:Duvelswannelstôk
Lêste reäksje: 4 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk
Achte meidoggers. Duivelswandelstok en engelenboom komt fan dizze side en waard letterlik oerset nei 'duvelswannelstôk' en 'ingelebeam'. Los fan it feit dat 'wannelstôk' gjin Frysk is, freegje ik jimme: soe der in offisjeel Frysk wurd foar dizze plant betocht wêze? As dat net sa is, soene wy it litte kinne by Arália elata. Drewes (oerlis) 28 okt 2020, 17.25 (CET)
- @Drewes: Ik tink dat 'wannelstôk' wol deeglik geef Frysk is. Sawol it wurdboek Ned.-Fr. (side 853) as Fr.-Ned. (side 1160) jouwe 'wannelje' en 'wandelje' as heechdravende farianten foar wat almeast 'kuierje' neamd wurdt. Hoewol't 'wannelstôk' net yn 'e wurdboeken neamd wurdt, kinne je dat fansels wol gearstalle út 'wannelje' en 'stôk'. Wat de plantenamme oangiet tink ik dat it wichtich is om eefkes dúdlik te stellen dat de iennichste offisjele namme fan in plant of bist altyd de wittenskiplike namme is, dat wol sizze de Latynske namme. Fierders meie je it yn prinsipe neame wat je wolle, mar 'skries', 'bûterblom' en 'wolf' binne allegear like ynformeel. Bgl. de blokmies stiet ek bekend as blausyske, blokfink, bijbiter, gielboarstke, stiselkopke en swartkopke. (Dy lêste is de namme wy thús brûke; ik hie noch nea fan in blokmies heart foar't ik by de Wikipedy kaam.) Dan giet it der om hokker namme it gongberst is, en neffens it wurdboek is dat blokmies. Persoanlik bin ik gjin foarstanner fan it opnimmen fan planten en bisten yn 'e Wikipedy ûnder Latynske nammen. Soms kin it net oars, mar ik sykje earst altyd nei wat oars, want net ien sil yn it gewoane spraakgebrûk bgl. dizze plant oantsjutte as Aralia elata. Ik tink dat we better de Nederlânske namme ferfryskje kinne ta, yndie, 'duvelswannelstôk' of oars om my 'duvelsgongelstôk'. As it der lykwols om giet hokker namme it gongberst is, wol it my skoan oan dat Friezen dizze plant, as se him neame, nei de Nederlânske namme as 'duvelswannelstôk' oantsjutte sille. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 okt 2020, 22.22 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Goeie. Ik hie dat 'offisjeel' fansels út myn fraach weilitte moatten. Dat wy witte net oft de in Frysk namme foar dizze plant is. Dochs tige tank foar de muoite dy't jo dien hawwe om it my út te lizzen. Duvelswannelstôk moat dan mar, de: hat ek Teufelskrückstock. Drewes (oerlis) 29 okt 2020, 17.23 (CET)
- @Drewes: Ek goeie. O. Ik besef no dat ik de fraach net goed begrepen hie. As jo bedoele: kin ik yn 'e iene of oare útjefte fan 'e F.A. of de Afûk of in natoergids dy't útjûn is yn opdracht fan it Fryske Gea (lykas de boekjes fan Sake P. Roodbergen) in Fryske namme foar dizze plant fine? Dan is it antwurd: nee. Dat sil der mei te krijen hawwe dat sokke útjeften ornaris geane oer lânseigen, wylde planten, en dit is in túnplant dy't út in oar diel fan 'e wrâld ôfkomstich is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 okt 2020, 22.06 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Goeie. Ik hie dat 'offisjeel' fansels út myn fraach weilitte moatten. Dat wy witte net oft de in Frysk namme foar dizze plant is. Dochs tige tank foar de muoite dy't jo dien hawwe om it my út te lizzen. Duvelswannelstôk moat dan mar, de: hat ek Teufelskrückstock. Drewes (oerlis) 29 okt 2020, 17.23 (CET)