Oerlis:Gerrit Zalm
Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Drewes
@Ieneach fan 'e Esk: Goeie. 'Koaleboeren', binne dat blomkoalkwekers of bouwers fan spitskoal en boerekoal? Brânjeman, brânjehanneler? Drewes (oerlis) 23 feb 2019, 22.00 (CET)
- @Drewes: Huh. Ik tocht dat dat in hiel gewoan wurd wie, mar it stiet yndie net yn 'e Fryske wurdboeken. Apart. Yn it Groene Boekje stiet it wol. Dan sil it wol in hollanisme wêze, tink. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 feb 2019, 18.02 (CET)
- P.S.: Tank foar de wiziging fan "rachfyn" yn "reachfyn"; ik hie ûnderwilens betocht dat dat noch even feroare wurde moast, mar jo wiene my foar. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 feb 2019, 18.10 (CET)
- Dat part oer it komôf fan Zalm is lang. It soe eins in artikel Verborgen verleden 'ôflevering safolle' op himsels wêze kinne. Zalm sei sels al yn dat programma dat 4000 maal verdund DNA net folle te betsjutten hat. Sjoch wat en: en nl:] der fan makke hawwe. Drewes (oerlis) 28 feb 2019, 21.02 (CET)
- It is wat oan 'e lange kant, dat bin ik mei jo iens, al haw ik besocht it sa koart mooglik op te skriuwen. Miskien kin it noch wol wat koarter, mar net lykas en: en nl: it dogge, want dy negearje it sa goed as hielendal. Persoanlik fyn ik it eins fierwei it nijsgjirrichste diel fan it artikel, want mei Gerrit Zalm as persoan haw ik net folle op. (Dy ôflevering fan Verborgen Verleden wie foar my, dat hiene jo wierskynlik al begrepen, dan ek de reden om in artikel oer Zalm te skriuwen.) Boppedat is it ynformaasje dy't ûnderboud is mei in boarne. Wat Zalm sels seit, liket my mear grutspraak ta want ik haw wol sjoen dat er dêr yn Skotlân de triennen yn 'e eagen stean hie. Iksels fyn komôf altyd in hiel ynteressant part fan in biografy. Fansels, it seit net folle oer de persoan sels, mar it jout wol in nijsgjirrich stikje eftergrûn, dêr't je sa'n persoan troch pleatse kinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 mrt 2019, 14.12 (CET)
- Dat part oer it komôf fan Zalm is lang. It soe eins in artikel Verborgen verleden 'ôflevering safolle' op himsels wêze kinne. Zalm sei sels al yn dat programma dat 4000 maal verdund DNA net folle te betsjutten hat. Sjoch wat en: en nl:] der fan makke hawwe. Drewes (oerlis) 28 feb 2019, 21.02 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Ik fyn komôf ek wol nijsgjirrich, ha sels ek stambeamûndersyk dien. Ik koe in oantal foarâlden oant healwei de 17e iuw folgje. Jo sitte mei seis generaasjes al op 64 foarâlden dêr't jo it yndividu noch mar 1,5% fan de genen fan hawwe. De measten fan myn foarâlden kamen út Fryslân, sa'n 15% út Grinslân en in pear persint út West-Fryslân. Op in stuit realisearje jo je dat, rekken holden mei befolkingsoantallen yn eardere iuwen, heal Fryslân en Grinslân famylje is. Sa besjoen is de kâns frij grut dat jo, Frou Watzema en ik ek mienskiplike foarâlden hawwe. Ik bin it mei jo iens dat, litte wy sizze, de lêste maks. trije, fjouwer generaasjes foar it pleatsen fan in persoan fan belang wêze kin en fan betsjutting foar dy persoan wêze kin. Dêrfoar hâldt it op foar famyljes sûnder keningen en oare pommeranten. En it gefal Zalm lit moai sjen dat ek al dy wichtige lju nei in hânfol generaasjes en fergetten wurde kin en gjin rol spylje yn it libben fan de minsken fan no en earjuster. (En och leave, Zalm krige wiete eagen....mmm. Ik kin wol in tal saken dy't er feroarsake hat betinke dêr't er om skrieme moatte soe). Dat, nochris, ik soe it moai fine as dat 'komôfpart' ynkoarte wurde soe. Drewes (oerlis) 1 mrt 2019, 18.33 (CET)
- @Drewes: LOL. No goed, ik sil der aansten noch wol ris eefkes kritysk nei sjen. Dan moat de gleie dûmny der mar út en hâlde we inkeld de hichtepunten oer. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 mrt 2019, 18.45 (CET)
- @Drewes: No, sa. No is it hast de helte koarter. De rest wol ik der eins wol yn hâlde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 mrt 2019, 19.11 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Mwah...goed. Jo hawwe jo bêst dien, dat ik wol jo net fergje en meitsje it noch koarter, al hie der fan my noch wol 50% ôf mocht. Tanke. Drewes (oerlis) 1 mrt 2019, 19.25 (CET)