Oerlis:Herman Ulrich Huguenin

Lêste reäksje: 2 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

@Ieneach fan 'e Esk: Goeie. Is it sa dat lju mei de namme Huguenin‎ per definysje fan Hugenoatsk komôf binne? Jin soene it wol sizze, mar ik kin dêr sa gau gjin boarne foar fine. Drewes (oerlis) 11 apr 2021, 17.39 (CEST)Beäntwurdzje

@Drewes: Goeie. Dêr hawwe jo wol in punt. Ik hie de namme Huguenin ris Googlele en doe fûn ik ferwizings nei de Hugenoaten, dat ik tocht: klear. Mar jo hawwe gelyk dat it net per definysje sa hoecht te wêzen. Sille we der oars "fan Frânsk komôf" fan meitsje? Dan binne we yn alle gefallen wis. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 apr 2021, 20.31 (CEST)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk: Ek dat "fan Frânks komôf" freget om in boarne. Lit dy kategory mar gewoan gewurde. Drewes (oerlis) 12 apr 2021, 21.16 (CEST)Beäntwurdzje
@Drewes: Goejûn. Ik haw nochris eefkes socht, en it docht bliken dat Huguenin fan Frânsk-Switsersk komôf is, sjoch: hjirre, en dan fia de pake (hjirre) nei dy syn pake (hjirre). Dêr stiet "HUGUENIN: Dit geslacht is van Zwitserschen oorsprong, alwaar het zich, volgens de familie-overlevering uit Frankrijk gevlucht zijnde, had nedergezet. De stamvader was Jean Ferdinand Huguenin, woonachtig te Faoug, een dorp in het gouvernement Avanches aan den oever van de Murtensee (lac de Morat), in het kanton Bern. Hij was gehuwd met Margrit Corne, zuster van den gouverneur van Avanches, waarbij hij vijf zonen en eene dochter verwekte, o. a.: Jean Huguenin, die volgt, terwijl twee zoons sneuvelden bij het beleg van Rijssel in den Spaanschen successieoorlog en een zoon overleed te Steenbergen als kapitein bij het regiment van Mey." Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 apr 2021, 00.38 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Herman Ulrich Huguenin".