Oerlis:Hurde pornografy

Lêste reäksje: 11 jier lyn troch Yn 'e Wâlden by it ûnderwerp Myn miening oer foto's/plaatsjes

Myn miening oer foto's/plaatsjes bewurkje seksje

Ik kin net sizze dat ik foto's/plaatsjes fan it soarte dat dizze side op 't heden opleuket gaadlik fyn foar Wikipedy. Begryp my goed, ik haw neat tsjin sokke ôfbyldings op harsels, mar dit is der, nei myn miening, gewoan it plak net foar. Ik fûn it earlik sein wol in bytsje skokkend, doe't ik side iepene en samar rjocht yn har brievebus seach (poer om't ik soks op wikipedy net ferwachtsje), en ik bin oars net sa maklik te skokken. Wa't soks besjen wol, kin wol op withoefolle oare plakken op it ynternet telâne, liket my. Boppedat, de foto fan dit kreaze frommeske jout gjin hurde pornografy wer; as it der allinne mar om giet om in pornoaktrise sjen te litten, binne der wol minder provokative foto's. Ieneach fan 'e Esk (talk) 5 jan 2013, 23.23 (CET)Beäntwurdzje

Om my mei it plaatsje fuort as ferfongen wurde. Drewes (talk) 6 jan 2013, 13.24 (CET)Beäntwurdzje
Ik tink, dat de tekst ek wol foar himsels sprekt. Yn 'e Wâlden (talk) 6 jan 2013, 14.51 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Hurde pornografy".