Oerlis:Iesumasyl
Esonstêd
bewurkje seksjeIt lêste part oer Esonstêd is net echt kompleet tink ik. Ik haw ris in stikje op omrop Fryslân sjoen oer oare skiedkundigen dy't fine dat de konklusjes fan Bohmers net klopje. De fûneminten dy't Bohmers fûn hat binne neffens harren sâltwinputten dy't oerbleaun binne by de selnearring, dy't yn de Midsieuwen in protte tapast waard. Ik hie it idee dat dit lêste ferhaal troch de measte saakkundigen as it meast wierskynlike sjoen wurdt. Ik kin der op it ynternet lykwols neat oer fine. Wa wyt hjir wat mear oer, of hat in idee wêr't hjir miskien mear ynformaasje oer te finen is (boek as tydskrift). Theun 10 mai 2007, 12.50 (CEST)
Namme
bewurkje seksjeIezumasyl hat syn namme krigen fan in earder buorskip Iezumabuorren. Dy moat dan syn namme wer krigen hawwe fan de ferneamde stêd Esonstêd. Of dy stêd der wier ea west hat is lykwols net wis, soe ik it leafst skrasse wolle. Understellings, gjin bewiis. Drewes (talk) 29 des 2014, 20.48 (CET)