Oerlis:Ingelân
Lêste reäksje: 3 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Eat mei it Paradys
Eat mei it Paradys
bewurkje seksjeNo hawwe wy in keppeling nei "Paradise Lost", mar at men dêr op klikt, komt men út by in ferwizing. It docht bliken dat dy allinnich út komt by "It Paradys Ferlern", mar dy hat dan fral de beskriuwing fan it oarspronklike boek. Is dat artikel dan noch oer "It Paradys Ferlern", of is dat Frysk in bysaak? Mysha (oerlis) 5 nov 2021, 09.24 (CET)
- Ik wit net krekt wat jo freegje wolle, mar op eltse fal liket it my normaal dat it artikel It Paradys Ferlern hannelet oer it gedicht 'Paradise Lost'. It is op de measte Wikipedia's sa dat de titel fan in literêr wurk oerset wurdt as der in oersetting fan dat wurk yn de taal fan dy Wikipedia bestiet. En mei't der sûnt 2009 in Fryske fersje fan dit ferske is, is it loagysk dat sa'n artikel gjin "Paradise Lost" hjit.
- Ik sil oars de keppeling wol omlizze. Nei trochverwiizingssiden soenen we eins noait keppelje. Steinbach (oerlis) 5 nov 2021, 10.31 (CET)
- Ik wit ek net krekt wat ik freegje wol. Ein fan de toetswike, mei in renovaasje dy't al wiken duorret; ik fernim stadichoan dat it wat mear easket as oars. Ik fernim wol dat der eat oars is, mar krekt wat ... At wy ... At it artikel "It Paradys Ferlern" is, moat it dan net wier as "It Paradys Ferlern" skreaun wurde. Efkes sjen: At wy it hawwe oer "Uumasoqat", sizze wy dan dat de ferneamde(?) skriuwer "Uumasoqat" skreaun had ("it oare bist"), as dat it "Qivittoq. Ferhalen út Grienlân" wêze soe (at immen it wier sa oerset). Ik tink ik soe it lêze wolle as "Uumasoqat (Qivittoq. Ferhalen út Grienlân)". Is dat wat it selde as wat jo hawwe woenen? Mysha (oerlis) 5 nov 2021, 11.58 (CET)
- Sa't Steinbach it seit, haw ik it ek altyd besjoen. As der fan in boek in Fryske oersetting bestiet, dan neame we it artikel oer dat boek hjir op 'e Wikipedy nei de titel fan dy oersetting. (It op eigen manneboet oersetten fan titels yn it Frysk, as der gjin Fryske oersetting bestiet, bin ik op tsjin.) Mar dàt der in Fryske oersetting bestiet, wol dochs perfoarst net sizze dat we it boek dan yn oare artikels altyd by de Fryske namme neame moatte. As je it, lykas yn dit artikel, hawwe oer Milton en wat dy skreau yn 1667, dan liket it my logysk om 'e Ingelske titel te brûken. Hy skreau syn wurk ommers yn it Ingelsk en de Fryske oersetting is fan folle letter. Ik begryp eins net hoe't dat ta betizing liede kin. De link komt út op It Paradys Ferlern, mar dêr stiet fuort yn 'e earste regel dat it boek yn it oarspronklike Ingelsk Paradise Lost hjit. Hoe is dat in probleem? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 nov 2021, 21.46 (CET)