Oerlis:Jetske Bilker
Lêste reäksje: 6 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Grutte letters
Grutte letters
bewurkje seksjeIk haw krekt in protte haadletters fuorthelle út titels. Ornaris hawwe titels net in protte haadletters, net oars as yn Fryske tekst. Der binne al útjouwers dy't in protte haadletters op it omkaft sette, mar at dan op de titelside sjoen wurdt, docht bliken dat dy net wier yn de titel weromkomme. Mysha (oerlis)
- Dat bin ik foar de folle hûndert prosint mei jo ûniens. Titels skriuwe jo mei haadletters, haw ik op skoalle al leard. Ik haw der earst ferskriklik oan wenne moatten dat dat net dien wurdt mei tuskentitels hjir op 'e Wikipedy, mar dat wie al wizânsje doe't ik hjir binnenkaam, dat dêr haw ik my, mei tsjinnichheid, ûnder deljûn. Mar dêrom hoege wy de titels fan boeken noch net op sa'n manier te skriuwen dat je dy net mear fan 'e tekst deromhinne ûnderskiede kinne. Dat is net allinne fout (neffens my), mar ek hiel ûnhandich foar de lêzer. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 mrt 2018, 23.09 (CET)
- Tsja, ik haw it ek leard, om't ik foar it boekefek leard haw. Mar nim it net fan my oan:
- Taalweb: Nammen fan titels;
- Taaluny:
- Titels yn tekst (nl)
- Titels yn literatuerlisten (nl)
- Sa fier ik wit it it Frysk hjiryn net oars;
- De Keninklike Bibleteek, de nasjonale bibleteek fan Nederlân:
- It webstee fan de iepenbiere bibleteken mei-inoar:
- Mysha (oerlis)
- Tsja, ik haw it ek leard, om't ik foar it boekefek leard haw. Mar nim it net fan my oan:
- It spyt my wol, Mysha, want jo sille der wol wurk fan hân hawwe om dizze links byinoar te sykjen, mar neffens master B. fan 'e legere skoalle, en twa learaars Nederlânsk dy't ik hân haw, doocht dit net. Los dêrfan is it út estetysk eachpunt hartstikkene lilk en foar de lêzer betiizjend, om't men net mear sjen kin wêr't de titel einiget en de rest fan 'e sin trochgiet. Of it moat wêze dat de titel kursyf skreaun is, mar dêr docht men tsjintwurdich oer it algemien ek net mear oan. Ik ergerje my dea oan soks. Ik fyn it in foarbyld fan taalferloedering, fan itselde kaliber as "Kort daarna sloot Kamp Erica." (LC 9 maart) (it tiidwurd 'sluiten' kin sa net brûkt wurde). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 mrt 2018, 16.18 (CET)
- En dan no it oardiel fan de typograaf. It is in deasûnde mear as ien haadletter nei elkoar te pleatsen. Titels yn haadletters - ek op in omslach - binne fan it nivo ‘skoalkrante’. Immen mei ek mar in hiel lyts bytsje leafde foar letters brûkt dan de lytskapitaal. En nee, dy is lang net yn alle lettertypen foarhannen. Sokke lettertypen moatte dan ek net foar skriftlike uterings brûkt wurde. Dy lytskapitalen jilde nammers ek foar ôfkoartings lykas NS en HBS. It brûken fan mear as ien haadletter nei elkoar moat eins ferbean wurde, allinnich binne de typografyske mooglikheden fan Wikipedia en oare digitalen spitigernôch nochal behyplik. Foar it ûnderskieden fan titels yn rinnende tekst binne lykwols genôch mooglikheden dat dêr binne dy haadletters net foar nedich en alhielendal net min ofte mear ferplicht. romke fan tomke (daam) (oerlis) 9 mrt 2018, 17.25 (CET)
- Uh, as ik jo goed begryp, Daam, dan prate wy byinoar lâns. Mysha en ik hawwe it oer it brûken fan haadletters yn boektitels, jawis, mar op in oare manier as dat jo bedoele. Om dat even te fertsjutskjen mei in foarbyld: hy fynt dat soks skreaun wurde moat as: Het land van de groene dolfijn, ik haw leard: Het Land van de Groene Dolfijn. As ik jo goed begryp, hawwe jo it oer: HET LAND VAN DE GROENE DOLFIJN en de earste beide foarmen mar dan mei de lytse letters as lytskapitaal skreaun. Dat is wat oars. Ik wie my al bewust fan jo hjir skriuwe, al wist ik net dat typografen fuort de deastraf mar ynfiere wolle foar it brûken fan mear as ien haadletter efterinoar ;). Foar oare dingen as Wikipedia brûk ik soms út aardichheid ek wolris lytskapitalen (hiel omslachtich gedoch op 'e kompjûter), mar as Wikipedia sa'n funksje hat, dan haw ik dy oant no ta noch net sjoen (dat sil dan wol moatte mei <it-ien-of-oar>tekst yn lytskapitalen</it-ien-of-oar>). Ik fyn fierders dat it better is as men skriuwt: "De Spion wûn de priis yn 'e kategory bêste roman." as: "De spion wûn de priis yn de kategory bêste roman." En ik haw net sein dat ik oaren ferplichtsje wol soks te dwaan, mar dat ik it sa leard haw, en dat ik it dúdliker, better en in hiel stik moaier fyn. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 mrt 2018, 18.07 (CET)
- Mar der stiet gjin deastraf op in deasûnde, dêr is sels Rutte it mei iens ;). Foar it oare hie ik yndied net goed yn ‘e gaten dat jim it eins earne oars oer hawwe. Myn ferûntskuldigings dêrfoar. Likegoed soe ik dan sizze dat it it bêste is de titel oan te hâlden sa’t dy oarspronklik ferskynd is. En binne de haad- en eigenskipswurden dêr mei in kapitaal dan dat oanhâlde en oars net. Dan soe ik kieze foar of tusken skrapkes of kursivearje, fet of wit ik wat. romke fan tomke (daam) (oerlis) 9 mrt 2018, 18.47 (CET)
- It R-wurd is fallen, dat ferpest de sfear hjir al wat ;), mar ûntskuldigings binne likegoed net nedich. Ik hie altyd tocht dat dizze kwestje wol aardich útiten wie, mar blykber is dat net sa en slacht eltsenien der mar in slach nei, de saneamde autoriteiten ynbegrepen. Wat jo sizze, Daam, is rûchwei wat Taalweb fan 'e Fryske Akademy ek oanriedt, mar de Nederlânske Taaluny seit wer hiel wat oars. Ik merk wol, hjir besteane safolle ferskillende ynsichten oer, dat we it mei syn allen foar 't neist net iens wurde sille. Dan moat in elk it mar nei eigen ynsicht dwaan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 mrt 2018, 19.14 (CET)
- Dizze sljochtweihinne meidogger hinget it meast oer nei de riddenaasje fan Mysha. Drewes (oerlis) 9 mrt 2018, 19.33 (CET)
- Nee, hielendal gjin wurk. Eltsenien kin it sa fine. Wat Master B. sein hat kin ik net neigean; mar at syn kollega's no it ek sa sjogge dan soe men tinke dat it ek wol earne delskreaun wie. En fansels de yngong by de bibleteken. Mysha (oerlis)
- Ja, krekt sa't jo sizze. Ik haw altyd tocht dat it om in regel gong, mar miskien wie it wol gewoan de persoanlike foarkar fan dy minsken op in mêd dêr't gjin fêste regels foar binne. Ek neat mis mei, mar dochs al justjes wat oars. Hoe dan ek, ik hie tocht dat dit sa foar de hân lei dat we it hjiroer gau iens wurde koene, mar blykber wie dat in fersin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mrt 2018, 17.16 (CET)
- Tsja, wy hawwe wat it Taalweb seit, wat de Taaluny seit, en wat de KB en de bibleteken dogge? Dy sizze en dogge allegear itselde. No hat ek de útjouwer fan ien fan de boeken my skreaun dat it mei ien haadletter wêze moast. At dat dochs net in regel wêze soe, wat moatte wy dan dwaan om dat út te finen? Mysha (oerlis)
- En ik wit net wat master seit, mar ik haw hjir op 'e skoalle in juf Nederlânsk frege an dy seit dat de regel is om titels mei ien haadletter te skriuwen. Binne Taalweb, Taaluny, de KB, de bibleteken, in útjouwer en in learares Nederlâns genôch om te sizzen dat it wier mei mar ien haadletter moat? Mysha (oerlis)
- Tsja, wy hawwe wat it Taalweb seit, wat de Taaluny seit, en wat de KB en de bibleteken dogge? Dy sizze en dogge allegear itselde. No hat ek de útjouwer fan ien fan de boeken my skreaun dat it mei ien haadletter wêze moast. At dat dochs net in regel wêze soe, wat moatte wy dan dwaan om dat út te finen? Mysha (oerlis)
- Ja, krekt sa't jo sizze. Ik haw altyd tocht dat it om in regel gong, mar miskien wie it wol gewoan de persoanlike foarkar fan dy minsken op in mêd dêr't gjin fêste regels foar binne. Ek neat mis mei, mar dochs al justjes wat oars. Hoe dan ek, ik hie tocht dat dit sa foar de hân lei dat we it hjiroer gau iens wurde koene, mar blykber wie dat in fersin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mrt 2018, 17.16 (CET)
- Nee, hielendal gjin wurk. Eltsenien kin it sa fine. Wat Master B. sein hat kin ik net neigean; mar at syn kollega's no it ek sa sjogge dan soe men tinke dat it ek wol earne delskreaun wie. En fansels de yngong by de bibleteken. Mysha (oerlis)