Oerlis:Josephine Diebitsch Peary

Lêste reäksje: 6 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

@Ieneach fan 'e Esk: Ik bin it wer. Hoe soene jo 'tallyist' oersette? Drewes (oerlis) 8 mrt 2018, 17.19 (CET)Beäntwurdzje

@Drewes: Tsja. Dêr freegje jo wat. It tiidwurd to tally betsjut 'telle' of 'byhâlde' en wurdt tsjintwurdich fral brûkt foar it byhâlden fan 'e punten/skoares (tallying the score) by sport- of oare wedstriden. De einskoare is dan the final tally. Frou Peary hold blykber wat by yn it Smithsonian, miskien it tal museumstikken dat binnenkaam of útliend waard oan oare museä, of miskien sit ik no wol hielendal fout en hie se in boekhâldkundige funksje en slacht tallyist op it tellen fan jild. Dat liket my net, mar ik kin it net mei wissichheid sizze. Myn rie oan jo: lit tallyist fuort en sis inkeld dat se kâns makke op in baan as kopyiste en klerk by it Smithsonian. Neffens my sit tallyist ek sa'n bytsje by it begryp 'klerk' yn. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 mrt 2018, 22.56 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Josephine Diebitsch Peary".